
Griener gers
Op 18, 19 en 20 maart 2022 spilet De Fryske Krite de Joure it stik “Griener gers”. As je as buorlju goed opsjitte kinne, dan komme je faak by elkoar oer de flier. Mar as je dan ek nochris goede freonen binne, fertelle je mekoar dan alles? Of hâlde je geheimen foar elkoar? Dat is…

KAARTEN
Kaarten foar net-leden kostje €10,00 op freed en snein. Op sneon ha we muzyk nei en kostje de kaarten €12,50. Bern oant 12 jier binne fergees, fan 12 oant 17 jier kinne se foar heal jild by de foarstelling wêze! Kennisgeving: Voor dit product is een JavaScript vereist.

In noflike, komyske wrâldpremjêre op ‘e Jouwer
De Jouwer | Maart 2022, twa jier letter, de maatregels yn ferbân mei de Covid-19 pandemy binne ferdwûn. De Fryske kultuersektor is wer op in soad fronten aktyf. Fuortendaliks wie der freedtejûn op é Jouwer in Fryske wrâldpremjêre te belibjen. De Fryske Krite hie de kar makke om de komeedzje Griener gers oer it fuotljocht…