| Fan de foarsitter |
10 / 10 / 2011
1938
2012
Al mear as 70 jier yn 't spier!
26 juny 2011 De earste simmerske dei
“Moarn
buorfrou”
“Ek moarn, wat wie it fannacht benaud net, de tekkens plakten my oan 't liif fêst”.
“Ik ha der neat fan fernommen”, sei ik, en rûn mei de hûn de Broek om.
Om healwei âlven waard der op ‘e doarbel drukt. Ik die de doar iepen en dêr stie de ierappelboer op ’e stoepe, te pûsten en te blazen. “Do bist mien laatste klant vandaag , ik houd der met op, it is my feulste hiet, se kenne feur myn part allemaal aan ‘t…. ”
Ik smiet de sek mei Opperdoezers oer it skouder en brocht se op ‘e souder, dêr't ik de ierappels ien foar ien ôfhimmele en op wat âlde Jousterkranten lei.
Middeis, nei ‘t brochje, romme ik de earste protters, dy’t dea fan ‘t dak foelen op, die ik myn sportskuon oan en draafde myn deistich rûntsje yn de Haulsterbosken.
Op ‘t ein fan de middei, de blommen hienen de koppen hingje litten en de fisken yn ‘e fifer hapten, mei de koppen boppe it wetter, nei loft, kaam ik wer thús.
Rafael Nadal fersloech op Wimbledon Juan Martin Del Porto yn fjouwer sets. Neffens sport kommentator Marcella Mesker in wedstriid dy‘t ûnder swiere omstannichheden (tropyske hitte) spiele waard. Ik helle de skouders op en meande it gers.
Jûns, nei it waarme iten, de frou lei úttelt op ‘e bank, fytste ik troch de Midstrjitte. De terraskes sieten grôtfol en it like wol as leinen de measte toeristen foar “mets”. Ik gie fleurich fierder op wei nei in repetysje fan ús krite. Benijd at se mei dit waar wol oan it repetearjen wienen.
Foar skoalle hearde ik Aukje al. “Nochris Marg en dan foar lâns rinne en ûnderwylst dy oare twa oer it skouder aller grimmitichst oansjen.”
Ik kaam it lokaal yn. Gjin ien hie yn ‘e gaten dat der besite wie. “Ja, dit liket better” sei Aukje. “mar besykje it ek nochris datsto fan lofts nei rjochts rinst. Dêrnei drinke we in bakje”.
Dat bakje bleau der foartearst by, want it spyljen hie harren te pakken. Kear op kear op nij, krekt wer in bytsje oars. Gjin wanklank, gjin wurd oer de waarmte. Gewoan dat dwaan wat Aukje frege. It opnij besykjen, omdat dat sa heart, omdat se fan toaniel hâlde en omdat se yntiids klear wêze wolle foar de premjêre.
Wylst de tekkens buorfrou oan it liif plakten, de ierappelboer gjin earpels mear besoarge, protters dea fan ’t dak foelen, it op Wimbledon tropysk hjit wie, de frou útteld op ‘e bank lei en de toeristen foar “mets” yn de stuollen op 'e terraskes leinen, slûpte ik it lokaal út. Grutsk op al ús spilers, spylsters en alle oare frijwilligers.
En foar it earst krige ik it waarm, ja mei in waarm gefoel fytste ik op hûs oan.
Út namme fan it bestjoer winskje ik jimme fan ‘t winter waarme kritejûnen ta.
Thijs Kuindersma (noch efkes) Foarsitter
Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012