Kaartferkeap foar toanieljûnen en nijjiersrevu

 

11 / 10 / 2011

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

 

Kaart ferkeap toanieljûnen:

 

Kaarten ôfhelje en de foarferkeap fan kaarten

 

Kaarten kinne ôfhelle wurde yn de eardere Bonifatius skoalle

(neist it St. Theresiahûs) op ûndersteande data:

 

Foar de novimber toanieljûnen: moandei 7 novimber fan 19.00 - 20.30 oere.

Foar de maart toanieljûnen: moandei 19 maart fan 19.00 - 20.30 oere.

 

Kaarten kinne ôfhelle wurde op fertoan fan de ledekaart dy't jo yn oktober tastjoerd is.

 

Foar leden bûten de Jouwer en foar minsken dy't om de ien of oare reden de kaartsjes net sels ôfhelje kinne,

kinne de kaartsjes ek mei e-mail besteld wurde op:    

                              

info@fryskekrite.nl

 

û.f.f. namme - adres - hokker jûn en om hoefolle kaarten as it giet.

 

De bestellingen mei e-mail wurde befêstige mei in mailtsje.

As der gjin antwurd komt ha wy neat ûntfongen en moatte jo der efkes efteroan belje:                             

 

0514-591416

 

Der kin ek belle wurde foar kaartsjes nei:

 

Geert Zoetendal op 0514-591416  

 

Miskien treffe jo it antwurd apparaat, sprek dan jo boadskip yn. 

 

Ekstra kaarten foar leden / kaarten foar net leden:

Foar as jo ekstra kaarten ha wolle.
Dizze kaarten kostje op de foarferkeap jûnen en oan de seal, op de jûnen fan de útfierings € 10,00.

Mar fol = fol.

 

Kaartferkeap data foar de Nijjiersrevu:

 

Foar de Nijjiersrevu is de kaartferkeap by de “The Readshop” oan de Midstrjitte 153A op 'e Jouwer.

De kaartferkeap foar de Nijjiersrevu begjint op sneon 17 desimber 2011.

 

Tagongspriis foar freed 6 en foar sneontemiddei 14 jannewaris is € 11,00 foar de oare jûnen is dit € 13,00,

mar dy jûnen is der dûnsjen nei. 

 

 

 

  

 

 

 

 

 

Nei boppen

 

Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012