Lidmaatskip

 

10 / 10 / 2011

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

Lidmaatskip fan de toanielferiening Fryske Krite "De Jouwer"

 

 

De Krite is al wer drok dwaande om it dit jier noch better en moaier te dwaan as foargeande jierren.

 
Aksje foar nije leden:
 
Minsken dy't no lid wurde fan ús Krite krije it earste jier 50% koarting op harren kontribuusje.

Opjefte by info@fryskekrite.nl

 

Kado lidmaatskip:

 

Leden kinne in lidmaatskip fan ús Krite kado dwaan oan kunde, buorlju of famylje.

Dit is dan in lidmaatskip foar 1 jier.

Nei dat jier jout de ûntfanger fan dit kado lidmaatskip sels oan of er it abonnemint ferlinge wol.

Dit lidmaatskip kostet € 7,25 per persoan.

Dit lidmaatskip kin mar ien kear foar deselde persoan oanfrege wurde.

As ekstra krije dizze minsken gratis tagong foar de foarstellingen fan it maart toaniel.

 

Opjefte by info@fryskekrite.nl.

 
De kontribúsje foar in lidmaatskip bedraacht foar it seizoen 2011 - 2012:

-foar 1 persoan € 14,50 yn it jier
-foar 2 persoanen € 29,00 yn it jier
 
Dat jout rjocht op it bywenjen fan de foarstellings yn novimber en maart.
Fierder wurde jo op de hichte holden sa’t it rydt en fart yn de feriening.
It ferienings jier rint fan 1 oktober oant 30 septimber.
It opsizzen fan in lidmaatskip moat  foar 1 oktober barre.
Dit kin skriftlik, fia e-mail of telefoanysk by de skriuwer fan us feriening.

 

Automatyske betellingen wurde begjin novimber ôfskreaun.

De leden dy’t noch net automatysk betelje, krije begjin oktober in rekken tastjoerd.

 
Foar in lidmaatskip kin elts him opjaan troch op ûndersteande link te klikken.
Lidmaatskippen kinne inkeld en allinne mei automatyske ynkasso ôfsletten wurde.

 

Dizze link kin ek brûkt wurde foar wizigingen yn jo gegevens, foar fragen of as jo ús wat te fertellen hawwe:

 

                                                              Mutaasjeformulier

 
De Nijiersrevu:

De tagong ta de nijjiersrevu falt net ûnder it lidmaatskip fan de feriening.
Foar de Nijjiersrevu wurdt it plak fan de kaartferkeap bekend makke op de side Kaartferkeap.

De kaartferkeap begjint yn desimber o.s.

Details oer de revu fine jo op de link Nijjiersrevu.

 

 

Nei boppen

Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012