Koart oersicht fan de earste 40 jier fan de Krite

 

28 / 09 / 2010

1938       2010

 

Al mear as 70 jier yn 't spier

 

Koart oersjoch oer it 40 - jierrich bestean fan 'e Fryske Krite de Jouwer

Makke troch mefr.  A. v.d. Zee - v.d. Wal

 

Fansels waard der yn Fryslân al hiel lang toaniel spile, mar hoe mâl jim dit ek talykje mei, it wienen altyd Hollânske stikken.

Yn 1860 lykwols, kaam der in echt Frysk stik op 'e planken en wol "Mâl út, mâl thús", skreaun fan Tsjibbe Gearts.

Doe wie de hikke fan 'e daam, dit wie it, dêr't wy yn Fryslân op wachte hienen.

 

It duorre lykwols noch in hiel skoft, ear't der safolle stikken skreaun wienen, dat men mar in kar meitsje koe.

En meastentiids waard sa 'n stik dan spile yn in stêd. Op it plattelân seagen de lju harren sels noch net foar in seal fol folk stean. Mar linkjende wei waarden hja wat dryster en al gau hie elts plak mei in sûn doarpslibben in ploechje gearstald, dat foar eigen publyk in útfiering fersoarge.

 

Yn it winterskoft 1938 - 39 wie de Jouwer oan bar. De Fryske Krite wie hjir berne, mar lei ryklik lang yn 'e ruften en liet neat fan him hearre. It gammele mar wat oan. It soe altyd en it waard neat. Dit duorre oan 't 1943. Doe waard hjir in Fryske leargong holden en mei kaam it de lju yn 't sin dat hjir of dêr in Fryske Krite wêze moast. Toaniel freonen kamen op in jûn byinoar. Sprekkers wienen de hear Van Dam fan it haad bestjoer en de skriuwer Abe Brouwer. Der waard in kommisje beneamd, dy 't in húshâldlike gearkomste belizze soe. Dywaard holden op 13 april 1944 yn hotel Bijkersma. Der kaam in bestjoer dat foarme waard troch T. Bijlsma, foarsitter, H. de Boer, skriuwer, mej. P. Postma skathâldster en as bysitters mefr. Zijsling en dhr. S. v.d. Leij.

 

Troch de besetting kamen noch net folle aktiviteiten nei bûten ta, mar yn it seizoen 45 - 46 klapte it der út.

Der wie in lêzing fan Douwe Tamminga oer Piter Jelles, dhr. Skippers holde in tige moaie sjong jûn en Simke Kloosterman's "Hora's Fan Hastings" waard behannele.

It Krite toaniel kaam 2 jûnen op 'e planken mei "Wylde hierren" fan Bonne Hylkema. It selskip Tetman de Vries spile 4 jûnen "De tiid hâldt gjin skoft".

Al dy jûnen wie de seal fan Van Terwisga grôtfol.

Troch dat Hepke de Boer ferhúze nei Lutjewinkel waard yn syn plak beneamd dhr. H. Gorter as bysitter en dhr. S. v.d. Leij waard skriuwer.

 

It jier dêrop wienen der wer lêzingen en De Krite spile 3 jûnen it stik "Oermacht" fan Schuitmaker.

Op útnoeging waard ek spile yn Eagmaryp en St. Jansgea.

 

1947 - '48: Yn it plak fan juffer Postma waard (nei folle stimmerij) keazen dhr. W. de Boer as skathâlder. Dy hie fuort al in tsjinfaller, want der wie in neifoardering fan de belesting "Lean en Ferfier" oer it troch Tetman by ús fertsjinne jild.

Dat wie blykber net sa ôfpraat want der waard bisletten dit selskip net wer út te noegjen,

 

Dhr. Skipper soe wer in sjong jûn fersoargje, mar troch sykte waard hy ferfongen troch Pater Hettema, dy't him der flink troch hinne sloech. Der wienen 2 lêzingen en de spilers brochten "Blau Bloed" fan master Bosga.

Yn 'e mande mei "Nut fan't algemien" waard dit winterskoft besletten mei in lêzing oer ús âld Jouster professor Elias Annes Borger.

 

1948 -' 49: Dizze kear waard op 'e ledegearkomste foar it earst de oantekens fan foargeande jierren lêzen en is in ferslach opmakke fan itjinge dat der yn dy jierren sa al bard wie.

Yn 'e fakatuere fan dhr. Gorter waard keazen dhr. H.W. de Vries, haad fan ús gemeenteskoalle. Hy waard foarsitter en dhr. Bijlsma bysitter. De lêzingen en boekejûn koene de grutte seal by Van Terwisga net fol krije, mar doe't Wybren van Altena by Bijkersma syn humoristyske ferzen nei foaren brocht, wie dat sealtsje hast te lyts.

De eigen toanielploech krige de seal by Van Terwisga 2x fol mei it út it Grins fertaalde stik "De lietsjesjonger" fan J. Bus.

 

It nije winterskoft waard, yn it kader fan de Fryske boekewike en yn 'e mande mei de boek handelers fan 'e Jouwer, út ein set mei in propaganda jûn foar it Frysk. Der kaam aardich wat folk op ta setten. In tige slagge jûn.

De skathâlder sei lykwols dat der dit jier mear útjûn as ynbard wie. Wiidweidich waard praten oer in ferlotting op 'e toanieljûnen. Inkelen mienden dat dit ûnder ús "stân" wie, oaren seine, dat as wy der better fan wurde koene, dan moast it net neilitten wurde. De ferlotting gie troch.

It Krite toaniel spile dêrby o sa tapaslik "Hurde koppen".

Yn 1950 wie der wer in boekejûn; it stik "Jonge Jan" fan Schuitmaker waard spile en de kofjejûn, dêr't al jierren oer praat wie, gie troch en slagge tige.

 

Wy lieten de Jouster winkelmannen op it mêd fan harsenskrabje yn 'e slach komme mei de Jouster molketapers. Der wienen fragen oer eigen folk en Fryslân,

De molketapers hawwe wûn.

 

Fedde Schurer moast yn Ljouwert foar de rjochter ferskine en de beruchte namme "Kneppelfreed" ûntstie.

Sûnt dy dei is der folle feroare op it Fryske mêd. It Frysk is yn 'e midden fan 'e belangstelling kommen.

It toaniel op 'e Jouwer sit lykwols yn 'e lytse loege. Se spylje wol, mar de ploech bestiet mear út ymport as echte Jousters.

Der wurdt sels in berop dien op 'e Krite Snits om ús 2 spilers te lienen. Der komt in advertinsje yn 'e Jouster krante en dat leveret ús 1 nije spiler op. Wy wolle it roer omgoaie. Der sille jongeren oplaad wurde moatte.

It moat doch mooglik wêze om in nije goede ploech te krijen. De skouders sille der ûnder moatte.

De bestjoersleden Bijlsma, de Boer en mefr. Sijsling woenen wol ophâlde. Yn harren plak komme Joh. Spanninga, T. Hooghiemstra en D. de Vrij.

 

Yn 1953 waard útein set mei in foardrachtkriich foar skoallebern. De seal fan Bijkersma wie grôtfol. Grut en lyts hawwe harren allegear tige fermakke. De toanielploech fan Langwar spilet en ek ús eigen ploech komt wer foar it fuotljocht.

D. de Vrij krige in tal manlju en froulju by inoar. Se dogge ek mei oan in ienakter kriich en winne de 2de priis.

Dan stie der noch in saneamde "Bûntejûn" op it aljemint. Dat soe troch Jouster amateurs fersoarge wurde. De Krite yn 'e mande mei it Roomsk Frysk Bûn en it Kristlik Selskip op 'e Jouwer. Nó, dat waard in lijen en der is neat fan kommen.

Earst spilers, dy net koene op 'e fêststelde jûnen. En op 'e nij fêststelde datum wie it sa heislike kâld dat der dochs gjin mins ferwachte waard. Nei dy tiid wie de seal jûn op jûn beset en noch wat letter kamen de Roomsken yn 'e fêstentiid. Dat sadwaande.

 

Op 'e folgjende kofjejûn fertelde de skathâlder dat we F. 250,- sakke wienen. De wurklist moat ynkoarten wurde. De foardrachtkriich foar bern sil, as it kin al troch gean. De eigen ploech spile "De stikel boer" fan de âld Jouster Karst Woudstra, De seal wie mear as fol. Ek oanwêzich bestjoersleden fan oare Kriten, dy't it stik ek opfiere sille. Wy hawwe in wikseljûn fêstlein mei *t Hearrenfean, As se hjir komme, nimme se harren Kritekoar ek mei. It wie prachtich. It docht bliken, dat se yn 't Frysk Haagje wat rommer yn it jild sitte as wy, hoewol .................

 

Wy hawwe fan ús gemeente bestjoer in stipe krigen fan F 50,-. Men wol Frysk en Frij opsizze, it wurdt te djoer en kostet ús leden. Elts Krite lid wie doetiids nammentlik ferplicht in abonnemint op dizze krante te nimmen.

Wol men abonnee bliuwe, dan kin dat fansels.

De foardrachtkriich foar bern wurdt nó troch de Jouster skoallen en it gemeente bestjoer betelle. Dhr. Schuitmaker (dan 79 jier) hat op dizze jûn foardroegen. En ús eigen ploech spilet "Mefrou de Kaptein" fan Abe Brouwer.

It leden tal wol mar net groeie en men wit net wer ‘t dat oan leit.

 

Yn 1956 komme wy mei in Fryske premjêre. G. Tasma, ús Jouster toskedokter hie it bistien om yn 'e rin fan de ôfrûne wiete simmer, it earnstich stik "Westerman en Zn." yn it Frysk oer te setten. It hjit nó "It greate offer".

Ferslachjouwers fan 'e Fryske dei- en wykbledden hawwe sa pocht, dat we krije 8 útnoegings om it stik earne oars te spyljen, û.o. 2x yn Harns.

It ledetal is gjin sukses. Wy hawwe noch mar 88. It  hoecht jim dan ek net nij te dwaan dat oan 'e  bestjoersleden de fraach stelt wurdt "Is de Krite dea?". Wol nee, mar dat it o sa libbet is wat tefolle sein.

Of, sa as ús skriuwer, dhr. S. v.d. Leij it doetiids stelde: "Men is dea, of men is libbet, healdea bestiet net". Ús ponghâlder moast ôfheakje, de nij beneamde hie der net lang nocht oan, dat wy hienen noch 3 bestjoersleden en dy minsken dienen harren wurk, mar mear ek net. Hja hienen bûten de Krite ek noch oare dingen oan 'e holle, sieten yn mear bestjoeren en hienen allegear in wurk, dat in soad tiid ferge, dat gjin ien fan harren koe as gongmakker tsjinst dwaan, om wat mear libben yn 'e brouwerij te bringen.

 

De toanielploech lykwols, spile gewoan troch. Dhr. Tasma hie nó in Ingelsk stik fertaald. Hy neamde it "Falsk beskuldige". Foar dat it op 'e planken kaam. is der earst alhiel wat bard. Tasma miende troch telefoanyske tasizzingen fan it Hollânske amateur buro dat er wol it rjocht hie dat stik oer te setten, mar doe't de rollen der al heal yn sieten, die bliken dat dhr. T. Beintema him krekt in reed foar west hie, troch it stik te fertalen en út te jaan. Om it yn syn oersetting te spyljen, wie net mear mooglik en yn dy fan Tasma ferbean, mar dat lêste hawwe hja mar weage en útsein in skrobbearring fan it Hollânske buro "It Bant" hat it ús gjin kwea dien.

Mar troch dizze affêre kaam it Krite toaniel yn it sintrum fan 'e belangstelling, ek al omdat it spyljen útsûnderlik goed wie neffens de kritiken. Oanfragen om it earne oars te spyljen, wienen der genôch, mar dêr mochten wy net oan foldwaan.

 

It rûn ús eins oan alle kanten tsjin. Wy hienen noch altyd gjin nije skathâlder. De spilers hienen gjin "eigen" stik. En in pasklear stik woe men net ha. Dus waard in oare ploech noege, mar dat wie gjin sukses en de kofjejûn wie mar heal beset, hja wiene bang om yn it bestjoer praat te wurden.

Mar dan ynienen komt de sinne troch. In nije skathâlder, dhr. H. Kuindersma út Sniksweach en kâns op mear en jonge bestjoersleden.

De spilers binne wer drok dwaande mei in nij stik.

 

Wy wurde, it is nó 1959, lid fan it "Bûn fan Fryske Toanielselskippen yn Fryslân". Dat bûn wie oprjochte op 6 oktober 1918 en as lid koene jo meidwaan oan in kriich, tusken de Fryske amateurselskippen yn ferskate klassen. It nije stik wie wer in oersetting fan Tasma en krige de namme "Jo sprekke mei jo moardner". Wy dogge mei oan dy kriich en winne mei dit stik fuort de 1e priis yn 'e 2de klasse en mei safolle punten dat wy nei de 1e klasse promovearje. It jier dêrop is it wer raak. 1ste priis en 't heechste oantal punten fan de 1e klasse mei "Miranda", al wer in oerset stik.

 

1961 bringt ús in 2e priis mei "Sibbele Hip" en 1962 in 1ste priis mei "2 x 2 = 2". Yn 1963 spylje wy "It Erfskip" fan Schuitmaker. Wy helje dermei in 1ste priis en 't  heechst oantal punten en krije as wikselpriis in koperen hynstekop mei nei hûs. En wat mear seit, wy meie it oare jier meidwaan yn 'e eare ôfdieling fan it bûn. Dat wy dêr op ús plak binne, litte wy fuort mar sjen. Wy spylje yn 1964 "Ingeborg" en krije no wer de wikselbeker (in echte dizze kear). It kin net op.

Ús lid en spylster, mefr. Koopmans, skriuwt sels in stik "Piter J. komt werom". Dat slagget sa goed en wurdt ek sa merakels spile, dat wy binne al wer de heechste yn punten. Yn 1966 efkes in tebekslach mei in 2e priis, mar dan komt mefr, Koopmans mei in nij stik: "Dou bist hurd Sybrande". Wy spylje it en ja hear, de beker kin wer meinommen wurde. Boppedat meie wy dat stik op ’e slút jûn fan it Bûn spylje, in hiele eare.

Oan 't 1977 krije wy noch 2 x in twadde priis en 6 x in earste.

Yn 1973 wurde de wiksel prizen foar't lest útrikt. De ploech dy’t yn trochsneed it heechste oantal punten yn syn klasse helle hat, mei de beker foargoed meinimme. Yn 'e eare ôfdieling wie dat: “De Fryske Krite de Jouwer",  

Regisseur is al dy sukses jierren dhr. G. Tasma.

 

Op 1 april 1977 spilet ús twadde ploech foar 't earst. Hja komme mei "It spoar bjuster" en helje dermei in 1e priis en komme fan 'e 3e yn 'e 2e klasse.

Regisseur is dhr. H. Minnema.

 

Beide ploegen spylje nó yn in eigen dekor. Inkele fan ús leden hawwe it nammentlik bestien om dit sels yn inoar te spikerjen en te beklaaien, mei help fan de Fa. Noppert. Foar de ûnkosten fan it materiaal hat stichting "Westermar" in fiks bedrach yn ús ponge dien.

 

Wy hawwe nó 202 leden en ús skathâlder is in tefreden minske. Dat it no allegearre sa good rint by ús Krite is foar in grut part ek te tankjen oan de bestjoeren fan eartiids, dêr't ik ek noch efkes fan neame wol de dames Hoogterp, Pebesma, Veenstra, Schiere en Lodewijk en de hearen Sj. Kuindersma, W. de Boer, J. Heida, W. Zielhuis, Meiders en Bil.

 

It nó sittende bestjoer besteande út: T. Veldstra – foarsitter, R. de Jong - skathâlder,

F. de Boer-Bergsma - skriuwster en H. Kamminga-Ketellapper en R. Scholte bysitters is ek tige warber.

Hja hawwe it sels bistien en rjochtsje in Skotsploech op.

Der hawwe harren al ferskate leden foar oantsjinne.   

 

                                   

                                                                          Nei  boppen

                                                   Werom nei de skiednis van de Krite

 

 

Fryske Krite De Jouwer, 2009 / 2010