Toanieljûnen yn maart

 

27 / 10 / 2011

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

It maart toaniel mei de Fryske premjêre fan it blijspul

                                                                               

"Bêdgeheimen" 

 

It stik is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Joop Mast. 

 

De rezjy is yn hannen fan Doede Schilstra

 

It stik wurdt opfierd op: 23, 24,  30 en 31 maart 2012  yn party- en sealesintrum " 't Haske " op 'e Jouwer. 

De foarstellingen begjinne om 20.00 oere.

 

In koarte beskriuwing fan it stik:

 

Franny ferfeelt har mei Jaap en Otto ferfeelt him mei Nanny. Sij, Franny en Otto leare elkoar kinnen troch ynternet.

Sij wolle harren oare helten net besoademiterje, dat dogge je net.

As Jaap en Nanny elkoar no ek aardich finne soe dat moai útkomme en wa wit wat der dan net allegearre gebeure kin.

Tom de soan fan Jaap en Franny is sykjende nei syn earste leafde, wat net echt fan in lijen dakje giet.

Sophie de dochter fan Otto en Nanny moat neat fan de leafde hawwe en besiket dat te ûntrinnen.

En litte no júst dy twa elkoar tsjinkomme.

"Bêdgeheimen" is in stik yn de styl fan in kabaretesk blijspul mei in soad werkenbere situaasjes, hilaryske mominten en in iroanyske relativearring.

 

De spilers en spylsters fan dit stik binne:

 

Mattie Bergsma, Petra Bernardus, Sjoerd IJbema, Sandra Wierda, Cornelis Wiersma en Johan Zijlstra

 

Oare meiwurkers:  

 

Klaas Jelsma (ynstekker), Anke Algra en Jacqueline Swart (grime).

Eelco de Hoog en Sieger Rinsma (ljocht en lûd), Marjolein Donker (klaaiïng)

Rinse Oort - Harry de Hoog - Freddy Jonkman - Albert de Graaf - 

Martin de Boer - Hotze Sijsling - Harm Stuiver - Jozef van Aalsum - 

Wieger Wijning - Mark Wijning en Jan van der Werf (dekor)

Andre, Stefan en/of Mark Boersma (omballingen)

 

Dûnsjen:

 

Op de sneontejûnen is der dûnsjen nei mei it dûnsorkest “Cosy”

 

Ferlotting

 

Yn it skoft is der in ferlotting mei prachtige prizen, û.o.: in itersbon beskikber steld troch Restaurant “De (B)eet” op ‘e Jouwer, in bon foar in skientme behanneling by Schoonheidssalon Janetta op ‘e Jouwer en in tegoede bon fan Wenning ynrjochting “De Lapekoer” op ‘e Jouwer.

 

Fierder dan noch sa ‘n 10 oare moaie prizen, mei in wearde fan

€ 15,00 à € 20,00 beskikber steld troch de Jouster middenstân.

 

Doede Schilstra foar it fuotljocht

 

It is 18 augustus as ik in mailtsje fan Geert krij mei de fraach in stikje te skriuwen foar it programma boekje 2011-2012.

 

Ik bin dan alwer dwaande mei de tarieding, lêze, analysearje, sfear, dekor, ensfh, foar it te spyljen stik yn maart.

 

Wy spylje "Bêdgeheimen" fan Haye van der Heyden, oerset troch Joop Mast, in kabaretesk blijspul.

Haye van der Heyden is de meast produktive en suksesfolste toanielskriuwer fan dit momint yn Nederlân.

 

"Bêdgeheimen" is in Frysk premjêre stik en noch nea yn it Frysk spile.

Mei wer in ploech entûsjaste minsken sille wij besykje jimme in noflike jûn te besoargjen.

Wy sille mei in soad wille en leafde yn de gedachten omdolle fan de te spyljen personaazjes,útfine, betinke, besykje om sa de personaazjes del te setten dat men der yn leaut en dat se "echt" binne.

Wy sille besykje dat de foarstelling de taskôger rekket en dat de wille en it lef om op it toaniel te stean der fan ôf spat.

Wy steane te popeljen om oan de gong te gean, alfêst noflike jûnen en oant sjen yn Maart. 

 

Doede Schilstra

 

 

 

 
Foto's fan it stik "It Dineetsje" - maart 2011  (fotografy Casper van Zutphen)
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
Nei boppen
 
Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012