Op 18, 19 en 20 maart 2022 spilet De Fryske Krite de Joure it stik

“Griener gers”.

As je as buorlju goed opsjitte kinne, dan komme je faak by elkoar oer de flier. Mar as je dan ek nochris goede freonen binne, fertelle je mekoar dan alles? Of hâlde je geheimen foar elkoar? Dat is ien fan de fragen wêr’t Mark, Esther, Erik en Juliette tsjinoan rinne.

Troch de opskepperij fan Erik nimme Mark en Esther in wike fakânsje. Mar se bedarje ticht by hûs en sy tinke dat net ien dat yn de gaten hat.

Wat is no better, earlikheid of dochs mar lige?

Komeedzje fan Anja Steegstra

Regisseuse: Sylvia Beintema

Spilers: Janetta Zijlstra, Johan Zijlstra, Mattie Bergsma en Rein Leenstra

Ynstekster: Wiep Wiersma

19 maart mei muzyk fan DJ Sieds