De lêskommisje

 

22 / 04 / 2012

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

De Lêskommisje

Oer de leskommisje wol ik graach wat mear fertelle.

Eartiids oan it begjin fan in toaniel seizoen kaam in regisseur by it
bestjoer en frege dan of hy it stik dat hij graach regissearre woe ek
spyljen gean koe.

Inkele bestjoersleden liesen dan dat stik troch en sa kaam der dan in beslút
oer it op te fieren stik

Fan of 2007 hawwe wij in leskommisje ynsteld. Dêr wurde de stikken lêzen dy
't oanjûn wurde, of sykje sy sels geskikte stikken om te lêzen en jouwe dan
in advys oan it bestjoer hokker stik(ken) geskikt binne foar in útfiering
foar ús Krite.

It bestjoer beslist dan yn oerlis mei de regisseur oer it te spyljen stik.

De leskommisje is al wer drok dwaande om stikken út te sykjen foar it
seizoen 2012 - 2013.

De folgjende minsken hawwe in sit yn de leskommisje:

Johan Schuurman (Krite lid en âld foarsitter)
Petra Bernardus, Johan Platte, Sjoerd IJbema en
Mattie Bergsma (spilers fan ús Krite)
Anne Terpstra ( foarsitter fan ús Krite)

Minsken dy't fine dat sy ek wat betekenje kinne foar de leskommisje kinne
harren melde by it bestjoer.

Ek tips oer nijsgjirrige te spyljen stikken binne wolkom.

Oant sjen op ús Krite jûnen,

Anne Terpstra

 

Nei boppen

Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012