Op 14, 15, 20 en 21 maart 2020 spilet De Fryske Krite de Jouwer it stik ” Ferjitlikens “.

Antoin wurdt stadichoan in bytsje ferjitachtich. Hy giet in pear dagen nei it strânhûs fan syn eksfrou Sarah. Syn dochter Iris hat him mist op ‘e saak en siket him. As sy tegearre op it strân binne, komme syn beide eksfroulju Sarah en Debora nei it strânhûs om harren soarch oer syn begjinnende demintes te besprekken en de soarch foar de takomst te regeljen. Dat fjouwertal mei in ferline mei-inoar, en harren eksplosive karakters, soarget foar it noadige fjoerwurk.

It stik hjit oarspronklik Vergetelheid en is skreaun troch Haye van der Heyden. Baukje Stavenga hat it oerset yn it Frysk. It stik wurdt regissearre troch Dirk de Vries.