| Nijjiersrevu |
16 / 01 / 2012
1938
2012
Al mear as 70 jier yn 't spier!
De 26ste Nijjiersrevu
It sit der wer op en wat hawwe wy genietsje kinnen fan 5 prachtige útfieringen!
It tema foar de 26ste Nijjiersrevu wie "Hichtepunten".
De rezjy wie yn hannen fan Rieneke de Haan.
De muzikale lieding wie yn hannen fan Atsje Lettinga en Sander Stienstra fan de “Muzykpleats” út Butenpost (ynformaasje oer harren kinne jo fine op www.muzykpleats.nl) .
Sjoerd IJbema wie de produksjelieder.
De 26ste Nijjiersrevu waard opfierd op 6, 7, 13 en 14 (2x) jannewaris 2012 yn Party- en Sealesintrum " 't Haske " op 'e Jouwer.
Rieneke de Haan foar it fuotljocht
In lyts stikje, yn fûgelflecht, oer mysels...
Ik
bin Rieneke de Haan en nei krap oan njoggen jier werom by de
Fryske Krite op de Jouwer.
Yn 1999 die ik myn yntree by de Fryske Krite. Ik wie dwaande mei myn rezjy oplieding en by de Krite krige ik de kâns om myn eineksamen te dwaan. In moaie tiid en in soad erfaring opdien. Nei fjouwer kear de Revu en twa Krite stikken fûn ik it tiid om myn wurk fjild te ferbreedzjen.
Yntusken bin ik njoggen iepenloftspullen en in oantal prachtige projekten fierder. Ik ha mei profesjonele akteurs wurke yn ferskate produksjes en sa in protte leard. Al dwaande kaam ik der efter dat ik muzyk teater doch it moaiste fyn om te dwaan.
Dêr leit myn passy.
Myn rezjy kin ik prachtich kombinearje mei ús bedriuw Diamond Sound Systems dat ik tegearre mei myn kompanjon Gert Heeringa ha. Troch it wurk komme wy op ferskate lokaasjes en sjogge we fansels ek de moaiste teater produksjes dêr’t we in soad ynspiraasje út helje.
Ek foar de nijjiersrevu fersoargje wy al 25 jier de technyk. Sadwaande koe ik dus ek de ôfrûne jierren de revu wat folgjen bliuwe...........
Nei sawat fjirtsjin jier oan ien stik troch drok west te hawwen mei rezjy en spyljen hie ik besletten om it in jier rêstich oan te dwaan. En doe stie it Krite bestjoer op de stoepe.......of ik de 26e Nijjiersrevu regissearje woe.
Ik ha der in nachtsje oer sliepe moatten, it thúsfront meinaam yn myn beried en dan blykt wer dat it bloed krûpt wer it net gean kin!
Ûnderwilen binne de audysjes west en ha ik in prachtige groep spilers: nije gesichten en bekende gesichten en sels ien spiler dy’t krekt as ik sels nei njoggen jier wer fan de partij is......
Revu is in prachtige foarm fan amusemint. Muzyk, sketskes, humor, snelle wikselingen, de “glitter en glamour”! Dit is dêr’t wy as groep hurd oan wurkje en we hoopje jimme allegear op de 26e Nijjiersrevu te moetsjen en dat de Revu wurde sil sa as wy it foar eagen hawwe:
In sprankeljend Hichtepunt!
Oant safier efkes yn fûgelflecht..... en graach oant de 26e Nijjiersrevu!
Freonlike groetnis,
Rieneke de Haan
Doetie Wiersma foar it fuotlljocht.
No
goeie allegear. Myn namme is Doetie Wiersma-Zondervan.
Yn Harns bin ik berne op 29-11-1961.
Yn Terkaple lizze myn bernejierren. Op de legere skoalle is myn toaniel karriêre begûn.
Ik woe doe allinnich mar in blom spylje, want dan hoegde ik neat te sizzen.
Nei de legere skoalle koene we nei de famkes club “het Mosterdzaadje”.
Dêr hienen we ien kear yn ‘t jier in bûntejûn (in soarte revu) en hie ik al wat mear tekst, dat wie gau klear fansels. Ien rol kin ik mij noch goed heuge, doe wie ik in bûksprek poppe.
Wer wat âlder koest nei de jongerein, dêr’t ik myn earste toanielstik spiele ha. Myn heit wie doe regisseur, it wie in moaie tiid.
Yn die tiid learde ik Sjoerd kennen, bin mei him troud en kamen te wenjen op ’e Jouwer. We krigen 3 bern, Nanne, Wiep en Cornelis.
Mei Sjoerd syn heit gie ik doe in kear nei it Vlecke toniel. It gerdyn gie iepen en ik tocht; “dêr wol ik ek stean“.
Sadwaande kaam ik bij it Vlecke toaniel terjochte. Wer ik no ûngefear 16 jier spyljend lid fan bin.
Doe’t ús bern op de basisskoalle sieten ha se mij frege oft ik Swarte Pyt spylje woe. Dat doch ik no al wer 10 jier mei in soad wille.
De 10de nijjiersrevu wie de earste revu die ik sjoen ha. Ik bin der 2 kear hinne west, sa moai fûn ik it.
Yn it jier 2000 spile ik sels mei yn de revu, neidat we audysje dien hienen. Dit wie ferskrikkelik spannend foar my.
De audysje wie doe ûnder lieding fan Rieneke de Haan, Lammie Toering en Aukje Steeman.
Yn 2001 wie ik mei Tsjerk Jan Adema in flearmûzen spantsje, dat as reade tried troch de hiele revu hinne rûn. Dat wie machtich moai om te spyljen. Ús dochter Wiep hat ek in pear jier yn de revu mei spiele. Dat wie wol in moaie erfaring.
No 2011, nei 12 jier, wer in audysje en al wer ûnder lieding fan Rieneke de Haan en wer wie it spannend. We moasten allegear allinnich sjonge, wat net myn sterkste punt is. Mar it gie eins best wol goed, dat wa wit, sjogge jim mij nochris as sjongster op it toaniel, ha, ha.
We ha no in groepke fan 10 spilers. Ik bin tige benijd, hoe as it komt fan’t jier.
Nije rezjy, de ploech is aardich ynkoarten en der binne wer nije gesichten by.
We ha der wer sin oan. Ik soe sizze oant sjen yn jannewaris 2012.
In groet fan Doet. HOI.
De skriuwers fan de nijjiersrevu
wiene
Sieger Bijsterveld, Harmen Houtman, Thea de Lange, Jan Mink en Aukje Steeman.
De spilers en spylsters fan de 26ste Nijjiersrevu
wiene:Tim Adema, Peter Braam, Thea de Lange, Tea Osinga, Folkeline Papjes, Sicco de Ree, Björn Sinnema, Joke Tromp,
Doetie Wiersma en José van Zutphen
Anke Algra en Jacqueline Swart (grime)
Eelco de Hoog en Sieger Rinsma (ljocht en lûd, yn gearwurking mei Diamond Sound Systems),
Rinse Oort – Harry de Hoog - Freddy Jonkman - Albert de Graaf -
Martin de Boer - Hotze Sijsling - Harm Stuiver - Jozef van Aalsum -
Wieger Wijning - Mark Wijning en Jan van der Werf (dekor)
Andre, Stefan en/of Mark Boersma (omballingen)
Judith Jonkman - Brattinga (koreografy)
Dûnsjen
Op sneontejûn 7 jannewaris
wie der dûnsjen nei op 'e muzyk fan "Hydra".Op 13 en 14 jannewaris
wie der dûnsjen nei mei it duo “Monte Carlo”.
Ferlotting
Yn it skoft is der in ferlotting mei as haadpriis in tocht mei in loftballon, beskikber steld troch Action Ballooning fan 'e Jouwer.
Fierder dan noch sa 'n 10 oare moaie prizen, weardebonnen en lekkere wyn.
Atsje Lettinga en Sander Stienstra fan de "Muzykpleats" foar it fuotljocht
SA!....
…staat voor Sander en Atsje. Partners op alle fronten! Graag stellen we ons voor en vertellen we wat onze bijdrage is aan de Nieuwjaarsrevu 2012 te Joure.
Atsje
Lettinga
Al jarenlang ben ik muzikaal actief als zangeres (Knippe en Skeare, Basic) en nu in ons Duo Sa en met de band Sa en Oaren. Daarnaast breng ik mijn kennis, ervaring en enthousiasme graag over op iedereen die zich/haar wil laten horen, door te zingen. Zo geef ik individuele zanglessen, organiseer ik workshops en sta ik als dirigent voor verschillende koren. Voor de revue zing ik de melodieën in op de liedjes die door Sander gecomponeerd en geproduceerd zijn, op aangeleverde teksten van Harmen. Tevens is mijn rol tijdens de repetities die van zangcoach, ik hou me bezig met zangtechnieken, het instuderen van de liedjes, beleving en presentatie.
Sander Stienstra
Van oorsprong ben ik toetsenist, daarnaast kruip ik ook graag in de jas van studio-technicus, geluidsman en liedjesschrijver. Dit laatste is mijn bijdrage aan de revue. Ik maak liedjes op de aangeleverde teksten. De liedjes werk ik uit tot complete orkestbanden. Voor de spelers zingt Atsje een zanglijn in en dit geheel nemen we op, ten behoeve van oefen doeleinden. Op onze muziekboerderij hebben we de mogelijkheden om geluidsopnames te maken, te repeteren met de band, workshops te geven, ja alles wat een link heeft met muziek is bespreekbaar.
SA heeft recent, met veel plezier en succesvol, mee gewerkt aan de volgende projecten:
- Iepenloft in Tijnje 2010, Jesus Christ Superstar (Atsje als Zangcoach, Sander als bandleider).
- Chez Dolly, Makkum 2011 (in de rol van jazz-zangeres en pianist)
- Iepenloft Burgum, Bloedbân 2011 (Atsje als Zangcoach, Sander als bandleider met eigen band Sa en Oaren)
- …en nu de Nieuwjaarsrevu van Joure!
Met Sa en (de) Oaren starten we in December, te Veenwouden, met de friestalige productie van “ Ja suster, Nee suster.”
Zo, nu weten jullie wie we zijn en wat we doen.
We vinden het super, samen met de hele ploeg, te werken aan deze Nieuwjaarsrevue!
Het geeft een goed gevoel om zoveel mensen tijdens de repetities en hopelijk ook tijdens de voorstellingen een hoogtepunt mee te geven voor een gelukkig en gezond nieuw jaar.
We wensen iedereen heel veel plezier!
Atsje en Sander
Foto's Nijjiersrevu 2011 (fotografy Casper van Zutphen)






In moai stikje út dizze revu is noch te sjen en hearren op >>
In moai stikje út dizze revu is noch te sjen en hearren op >>
Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012