Novimber toaniel

 

21 / 11 / 2011

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

It sit der wer op en wat hawwe wy genietsje kinnen fan 4 prachtige útfieringen!

 

It novimber toaniel mei it blijspul / tragi-komeedzje:

 

"Gouden Hantsjes" 

 

It stik is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Baukje Stavinga.

Haye van der Heyden is yn ús krite net in onbekende. 

Earder seagen wy fan him "Jaloezyen" (maart 2008) en Fûgels" (nov. 2008). 

 

De rezjy wie yn hannen fan Aukje Steeman

 

It stik waard opfierd op 11, 12, 18 en 19 novimber yn party- en sealesintrum 't Haske op 'e Jouwer.

 

Aukje Steeman foar it fuotljocht en in koarte beskriuwing fan it stik:

 

As eltsenien oan it betinken is wêr 't hy of sy de simmerfakânsje troch bringen giet, fytse en rinne de spilers fan it novimber toaniel al wer twa kear yn 'e wike op waarme maaitiids jûnen nei de Bonifatius skoalle om te repetearjen.

Spitigernôch wie fan’t simmer de waarmte der wat ôf, mar dat kaam troch it waar, want wy wienen hieltyd noch fanatyk oan it repetearjen.

 

Geane de spilers dan net op fakânsje sille jo tinke.

Ja wis wol, mar wy bliuwe sa lang mooglik repetearjen en dat mei in soad wille en ynset.

In moaie ploech spilers, dy 't it stik “Gouden Hantsjes” op in foartreflike wize aanst yn novimber oan jimme allegearre sjen sille lit.

 

In geweldich moai toanielstik fol humor.

In toanielstik, in bytsje oars as oars.

In stik, spesjaal skreaun troch John Kraaikamp sr.

In prachtige grutte rol by ús spile troch Nico de Lange.

In toanielstik dêr't de beljochting in grutte rol spyljen giet.

In toanielstik mei it personaazje Louis mei rûnom in stel súper froulju.

 

It is nó 12 septimber as ik dit skriuw foar it programmaboekje en ik hoopje dat ik jimme al wat nijsgjirrich makke ha.

 

It is foar my al lang genietsjen troch der mei-inoar wat moais fan te meitsjen, mar wy dogge it net allinnich foar ússels.

De spilers dogge it foar jimme.

Ik kin no al ferklappe dat dit toanielstik ek in earnstich tintsje hat, mar dat foaral de humor en de snelheit wêryn it him

ôfspilet prachtich is en dat der dêrtroch in protte te laitsjen falt.

Wy repetearje noch efkes troch mar sjogge jim graach yn novimber!

Wy binne der dan hielendal klear foar.

 

Aukje Steeman.

De spilers en spylsters fan dit stik binne:

 

 

 Sietske Heeg, Boukje Hofma, Nico de Lange, Margje Wierda, Margje de With en Janetta Zijlstra

 

Oare meiwurkers:

 

Klaas Jelsma (ynstekker), Anke Algra en Akke Bratinga (grime).

Eelco de Hoog en Sieger Rinsma(ljocht en lûd).

Jaap Zijlstra (muzikale begelieding)

Marjolein Donker (klaaiïng)

Pyt Roorda, Tea Ozinga en Jannie Vermaning (figuranten)

Rinse Oort - Harry de Hoog - Freddy Jonkman - Albert de Graaf - 

Martin de Boer - Hotze Sijsling - Harm Stuiver - Jozef van Aalsum - 

Wieger Wijning - Mark Wijning en Jan van der Werf (dekor)

Janetta Zijlstra foar it fuotljocht

Trijeëntweintich jier lyn teach ik de dryste skuon oan en melde my, nei jierren trúnjen troch myn heit, oan by de Fryske Krite De Jouwer.

Hy spile ek toaniel en it wie neffens him “sa moai om te dwaan en gesellich” en dat soe krekt wat foar my wêze.

 

Hy hat it goed sjoen, want nei de earste kear wie ik ferkocht. Wat is it prachtich om mei in goede regisseur en in aardige ploech in moai stik del te setten. En wat is de neisit ( heard der ek by) en it feest nei de útfiering gesellich.

 

Wat hy der net by fertelde wienen de slopende wiken dêrfoar: net sliepe kinne, de hiele dei teksten yn ‘e holle, mei de rolfiguer dwaande wêze, ja libjen yn in roes (sorry minsken as ik jim yn dizze tiid net groetsje........)

As it dan oan de útfiering ta is en ik stean efter de kûlissen te triljen, dan tink ik, wat doch ik mysels oan, dit nea wer..........

Mar as de foarstelling foarby is en de minsken haw it moai fûn, dan kin ik wiken neigenietsje en hoopje ik takom jier wer........

Man en bern binne bliid dat it der op sit en mem wer “normaal” docht.

 

En sa ha ik yn dy jierren ferskate rollen en roltsjes spile, fan puber oant in frou op jierren, fan hoerke oant degelike dame.

Krekt de ôfwikseling yn rollen en stikken fyn ik prachtich.

 

Ja, ik bin bliid dat myn heit sa oantreaun hat............

 

  

Margje Wierda foar it fuotljocht

Hoi allegearre,

Myn namme is Margje Wierda. Ik bin 40 jier, troud mei Bauke en grutske mem fan Sjouke (9), Fenna (7) en Hette en Hidde (beide 4). Ik bin berne op ‘e Jouwer, dochter fan Steven en Geartsje Visser en suster fan Steven. Yn de tiid fan myn stúdzjes kommersjele ekonomy en arbeidssosjology ha ik yn Ljouwert wenne. Mar doe’t ik myn diploma’s yn de bûse hie bin ik gau wer nei De Jouwer kaam om ferfolgens oan it wurk te gean by Randstad. Hjir ha ik hast 13 jier mei in protte wille wurke as senior intercedente. Doe’t ús twilling, Hette en Hidde, kaam ha ik besletten in poaske net te wurkjen, mar thús te wêzen om te genietsjen fan myn berntsjes.  Mar de tiid giet hurd en de mannen binne foarige wike foar it earst nei de grutte skoalle gien, dus as immen in leuk baantsje foar in dei as 2 yn de wike foar my wit ...... ;-)

Foarich jier belle myn buorman Jan Sloothaak  mei de fraach oft ik meispylje woe yn it stik “It Dineetsje”. Oeps.. ikke??? Doarde ik dat wol? Mar ik ha it dien en gjin tel spyt hân. In hiele protte leard fan Doede en de kollegaspilers. Wat in prachtich seizoen ha we hn. Mei as klap op de fjoerpylk ek nochris de 2e priis yn de Eareklasse fan de Fryske Toanielkriich! Oft ik dit jier wer meidwaan woe? Fansels!

Ik fyn it sa geweldich moai om ris yn de hûd fan in oar te krûpen. En it is hielendal moai as dat in persoan is dy’t fier fan dysels ôf stiet. Sa mocht ik it ôfrûne jier wol sa skelle, sa lilk wêze. Sa skreauwe tsjin ien, dat hie ik noch nea dien. (it wie dan ek in grut komplimint dat in protte minsken nei ôfrin tsjin Bauke seinen: “Wat hast do in boas wiif jong!”) En ek dit jier stiet it karakter dat ik spylje fier fan my ôf. Minsken, as jimme tinke: “Wat rint dat mins dêr núver te pronkjen  en te protteljen troch de Midstrjitte”, dan bin ik oan it oefenjen! Dan bin ik net Margje, mar Claire. En wat Claire dan fan dame wêze mei.....????

Gau komme nei it novimberstik Gouden Hantsjes, dan sille jim it sjen!

Eelco de Hoog foar it fuotljocht

 

Hallo myn namme is Eelco de Hoog.

Ik bin 26 jier en wenje yn Skarsterbrêge.

My wurk is tegelsetter.

 

Ik hâld my by de krite dwaande mei de technyske kant fan de foarstellingen; dit hâldt yn it beljochtsjen fan de spilers en het fersterken fan harren stim, sadat it ek efter yn de seal fersteanber is.

Ik bin begûn as dekorbouwer, mar nei in skoftke kaam de fraach of ik ek it lûd fersoargje woe, letter is dêr it ljocht bykommen.

En sa dwaande doch ik no beide, ljocht en lûd en it is eltse kear wer in útdaging om it sa goed mooglik te dwaan.

 

Fierder bin ik ek noch aktyf by scouting, de Borger groep op 'e Jouwer.

Hjirby jou ik lieding oan de scouts, bern fan 10 / 15 jier. Sels bin ik der a 9 jierrich jonkje by kaam en gean der hieltyd noch mei in protte wille hinne.

 

In oare sport / hobby dy 't ik doch is berch beklimme. Spitigernôch hawwe wy yn Nederlân gjin bergen, sadwaande is it in sport dy 't ik meastentiids binnendoar dwaan moat. Sa no en dan geane wy mei in groepke nei Frankryk om dêr gesellich in wykeintsje te klimmen

 

Fierder fotografearje ik graach.

Noch in oare besichheid dy 't ik regelmjittich doch is it oplitten en folgjen fan loftbalonnen, û.o. By de ballonfeesten op 'e Jouwer

Ik haw ek noch in pear hûsdierkes, in kat en twa slangen

 

Mei freonlike groetnis Eelco.

Ferlotting:

 

Yn it skoft wie der in ferlotting mei prachtige prizen, û.o.: in itersbon beskikber steld troch Restaurant “De (B)eet" op ‘e Jouwer, in bon foar in skientme behanneling by Schoonheidssalon Janetta op ‘e Jouwer en in tegoede bon fan Wenning ynrjochting “De Lapekoer” op ‘e Jouwer.

 

Fierder dan noch sa ‘n 10 oare moaie prizen, mei in wearde fan € 15,00 à € 20,00 beskikber steld troch de Jouster middenstân.

 

Dûnsjen:

 

Op beide sneontejûnen wie der dûnsjen nei op de muzyk fan "Hydra"

En it wie wer tige gesellich!

 

Bylden út it stik "Slippers" nov. 2010. (Fotografy Casper van Zutphen)

 

 

 

 

     

 

 

 

 

 

 

 

 

Nei boppen

Fryske Krite De Jouwer, 2010 / 2011