De Fryske Krite De Jouwer is mei 725 leden ien fan de grutste amateurtoanielferienigingen fan ús provinsje. De ferieniging is oprjochte yn 1938 en fierde yn seizoen 2013-2014 har 75-jierrich bestean. Elts jier wurde twa produksjes op de planken brocht, yn it Frysk en spile troch akteurs en aktrises út eigen regio. De toanielstikken wurde opfierd in novimber en maart en binne divers, mar ha ien oerienkomst: kwaliteit stiet foarop.
 
De Fryske Krite is oprjochte yn 1938, mar troch omstannichheden en de oarloch lykwols waarden yn it winterskoft 1945 -1946 úteinlik de earste kritejûnen holden yn de seal fan Romke de Boer oan de Bûterstege. Douwe Tamminga hold in lêzing oer Piter Jelles Troelstra en hat foarlêzen út eigen wurk. Dhr. Schippers hold dat jier yn deselde seal in tige moaie sjongjûn, wylst Ds. Postma in oare jûn Simke Kloosterman har ‘Hoara’s fan Hastings’  behannele. Twa jûnen kaam it Krite toaniel op de planken mei Bonne Hylkema syn ‘Wylde hierren’. Tetman de Vries spile fjouwer jûnen en ien middei syn revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Alle kearen wie it sealtsje stampfol.
 
Jierren letter ferhuze de Fryske Krite nei Hotel Reekers en sûnt 1983 is ús sfearfol teater festige yn Party- en Zalencentrum ’t Haske op ‘e Jouwer.  Neist leden komme der tsjinwurdich ek in protte net-leden nei de gesellige, ûnferjitlike foarstellingen.
Fan 1986 oant en mei 2013 hat de Fryske Krite ek de Nijjiersrevu produsearre. Nei 27 edysjes moast der ôfskied nommen wurde. De kosten wiene foar de feriening te heech. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer hat lokkich it stokje fan de Fryske Krite oernaam.
 

?? Fryske Krite De Jouwer is met 725 leden één van de grootste amateurtoneelverenigingen van onze provincie. De vereniging is opgericht in 1938 en vierde in seizoen 2013-2014 haar 75-jarig bestaan. Elk jaar worden twee producties op de planken gebracht, volledig in het Fries en gespeeld door acteurs en actrices uit eigen regio. De toneelstukken worden opgevoerd in november en maart en zijn divers, maar hebben één overeenkomst: kwaliteit staat voorop. 

Hoewel de vereniging al is opgericht in 1938, vonden door omstandigheden en de oorlog de eerste Krite avonden pas in 1945-1946 plaats. Het was toen Douwe Tamminga die een lezing hield over Piter Jelles Troelstra en voorlas uit eigen werk. In datzelfde jaar hield de heer Schippers in dezelfde zaal een mooie zangavond. Op een andere avond behandelde Ds. Postma de ‘Hoera’s van Hastings’ van Simke Kloosterman. Twee avonden kwam het Krite toneel op de planken met ‘Wylde hierren” van Bonne Hylkema. Tetman de Vries speelde vier avonden en één middag zijn revue ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Alle keren was het zaaltje bomvol.
 
Jaren later verhuisde de Krite naar Hotel Reekers en sinds 1983 is ons sfeervolle theater gevestigd in Zalencentrum ’t Haske. Naast leden komen tegenwoordig ook veel niet-leden naar de gezellige, onvergetelijke voorstellingen.Vanaf 1986 tot en met 2013 werd er een Nieuwjaarsrevue geproduceerd. Na 27 edities moest er echter afscheid worden genomen. De financiële wissel bleek voor de vereniging te groot. Stichting Nijjiersrevu nam het stokje van de Krite over.