In leech dekôr, dat is alles wat der noch te sjen is fan Ferjitlikens.


Wy fine it tige spitich om meidiele te moatten dat alle foarstellings fan Ferjitlikens net troch gean y.f.m. it Corona-virus. Wy miene dat it net ferantwurde is om mei in seal fol minsken by elkoar te sitten.
Oft, en wannear it stik letter noch spile wurde sil, kinne we no noch net sizze. Mei de tiid sille we dêroer yn berie en dan hearre jim dat fansels fan ús.


Us spilers kinne wol janke, alle meiwurkers achter de skermen binne der fan ûndersteboppe en de minsken dy’t in kaart besteld hiene bale fêst ek, mar wy binne der wis fan dat dit it ienichste ferstânnige beslüt is.