Wolsto dysels even koart foarstelle?

  • Myn namme is Fenna Tromp. Ik bin 21 jier, ik studearje Management in de zorg yn Grins.

Hoe bisto by de Fryske Krite terjochte kaam?

  • Troch ús mem, Mattie Bergsma

Hiesto al earder toanielspile? Fertel dêr ris wat mear oer…

  • Ik ha 2 kear meidien oan in toanielstik. Dit wie fan it Toanhûs.

Hoe is it om as ‘jonkie’ te spyljen mei dizze dochs wol erfaren spilers?

  • We ha in hiel soad wille en om mei sa’n grutte groep erfaren spilers te spyljen en om fan harren te learen is sá leuk!

Hoe giet it spyljen yn it Frysk dy ôf?

  • Ik bin in Fries, mar wurd dochs noch faak útlake en ferbettere troch Nico.

Soesto noch wolris spylje wolle?

  • Dat liket my hiel leuk mar ik ferhúzje nei Grins fan’t jier. Dus dan net mear by de Krite, mar by it Noord Nederlands Theater (grapke! haha)

Wat fine dyn freonen derfan datsto toanielspilest? (toaniel is miskien net sa hip neffens in protte jongeren?)

Se komme allegear te sjen en se prate net iens allegear Frysk. Myn freondinne tocht dat stjonktsyskes stinkzusjes betsjut.