Wolsto dysels even koart foarstelle?

Ik bin Pieter Jan, 24 jier. Op dit stuit wenje ik yn Wâldsein, mar ik bin berne en opgroeid op de Jouwer. Ik studearje logopedy oan Hogeschool Windesheim en yn myn frije tiid doch ik in soad oan sport.

Hoe bisto by de Fryske Krite terjochte kaam?

Us heit, André Meijer, wie eartiids by de dekôrploech. Hy naam my al jong mei nei de útfierings. Doe wist ik: ik wol ek op dat poadium stean!

Hiesto al earder toanielspile? Fertel dêr ris wat mear oer…

Yn 2015 spile ik foar it earst mei, yn it stik ‘De tiid fan myn libben’. Dat wie foar my in grutte stap en in enorme útdaging. Nei goed 6 jier bin ik wer frege foar in rol en ik ha der super folle nocht oan.

Hoe is it om as ‘jonkie’ te spyljen mei dizze dochs wol erfaren spilers?

Fantastysk! Ik kin stikem meisjen hoe’t oaren spylje en it ien en oar sels tapasje. It feit dat der ferskate spilers meidogge jout in moaie dinamyk yn it spul. Learsum dus!

Hoe giet it spyljen yn it Frysk dy ôf?

Yn it begjin lestich. Sa binne der wurden as ‘bûsgroentsje’ en ‘potiten’ (pot-iten), wêr’t ik noch noait fan heard hie. Mar gelokkich falt oeral wat fan te learen.

Soesto noch wolris spylje wolle?

– Absolút!

Wat fine dyn freonen derfan datsto toanielspilest? (toaniel is miskien net sa hip neffens in protte jongeren?)

Net hiel frjemd. Sels doch ik sûnt 2016 mei oan de Halloween Frightnight yn Walibi Holland. Neat is te gek.