Skiednis

13 / 01 / 2012

 

1938       2012

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

Skiednis:

De Fryske Krite is oprjochte yn 1938. Troch omstannichheden en de oarloch lykwols waarden yn it winterskoft 1945 -1946 śteinlik de earste kritejūnen holden yn de seal fan Romke de Boer oan de Būterstege.

Douwe Tamminga hold in lźzing oer Piter Jelles Troelstra en hat foarlźzen śt eigen wurk.

Dhr. Schippers hold dat jier yn deselde seal in tige moaie sjong jūn, wylst Ds. Postma in oare jūn

Simke Kloosterman har “Hoara's fan Hastings” behannele.

Twa jūnen kaam it Krite toaniel op de planken mei Bonne Hylkema syn “Wylde hierren”.

Tetman de Vries spile fjouwer jūnen en ien middei syn revu “De tiid hāld gjin skoft”.

Alle kearen wie it sealtsje stampfol.

 

Yn 2011 kaam śs krite mei de 25ste Nijjiersrevu, in jubileum revu. Hoe is dit alles begūn? Jannie Zwier wie der fan it begjin ōf by. Hjir har ferhaal.

25x Nijjiersrevu

 

Nijsgjirrich ek is it ferslach oer de earste 40 jier fan śs Krite, optekene foar śs Krite troch frou

Appie van der Zee - van der Wal.

 

Dit stik is te lźzen op de folgjende link:                                                               

De earste 40 jier fan de Krite

 

Nijsgjirrich is ek it oersicht oer de jierren 1988 - 1998 skreaun troch śs earelid Foppe Kielstra.

 

Dat stik is te lźzen op de folgjende link:

 

Oersicht tsien jier de Krite (1988 - 1998)


Yn novimber 1998 by it 60 jierrich bestean is it stik fan Friedrich Dürrematt "Op ien betingst " opfierd.

De rezjy wie yn hannen fan Wiesje Jansma-de Vries.
Der dienen mear as 40 spilers oan mei en de hiele seal waard brûkt as toaniel.
Om't dêrtroch minder minsken yn de seal koenen wienen der 6 foarstellings y.s.f. de 4 oars.
Alle jûnen wie der dûnsjen nei.

Sûnt 1986 wurdt de Nijjiersrevu op de planken brocht. Dit jier al wer foar de 24ste kear!
De revu bestiet út sketskes en sankjes oer wat der it ôfrûne jier bard is.

Ek gemeentlike saken wurde net sparre. Foar de revu binne der sa'n 30 á 40 meiwurkers.

Mei de twa stikken, yn novimber en yn maart, wurdt der in ferskaat oan stikken foar it fuotljocht brocht: blijspullen, kluchten,mar ek hiele serieuze stikken.

 

Kritetoaniel I (novimber toaniel) spilet yn by śtstek de klasse. 

Kritetoaniel II (maart toaniel) spilet sūnt begjin seizoen 2007 / 2008 yn de eare klasse.

 

 

Nei boppen

 
 
Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012