Op 10, 11, 16 en 17 novimber 2018 spilet De Fryske Krite de Jouwer it stik “Fêstrûn”. 
 

We sette it nije toanielseizoen útein mei it toanielstik “Fêstrûn”, in komyske skriller fan Mary Bakker-Schoon, yn it frysk oerset troch Gurbe Dijstra.

Fjouwer freondinnen binne ûnderweis nei in jûntsje Chippendales en in lang wykein der achteroan. Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad yn de buert fan Appelskea. Se klopje oan by in buorkerijke dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske fan de ANWB is, mar der blykt in bargeboer te wenjen. At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn. Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens fine se in koffer ûnder it bêd mei in ynhâld om fan te grizen. Skedels en bonken, wat moat dat ûnder it bêd fan in bargeboer? Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim…

Het eerste toneelstuk dat we dit seizoen gaan spelen heet “Fêstrûn”, het is een komische thriller van Mary Bakker-Schoon en is in het fries vertaald door Gurbe Dijkstra.

Vier vriendinnen zijn onderweg naar een avondje Chippendales met daar achteraan een lang weekend. Ze toeren, met een tas vol koffie en broodjes, door de Friese bossen, totdat ze vast komen te zitten op een modderig pospad in de buurt van Appelscha. Ze kloppen aan bij in boerderijtje dat wat verlaten oogt. Ze denken eerst nog dat het een vakantiehuisje van de ANWB is, maar dan blijkt dat er een varkensboer woont. Als ze hem vragen of ze er mogen overnachten, stuurt de boer hen de donkere nacht weer in. Maar ze laten het er niet bij zitten en de boer geeft toe. Hij zal in de schuur slapen, dan kunnen de dames in de kamer slapen. Door hun nieuwsgierigheid vinden ze een koffer onder het bed met een inhoud om van te griezelen. Schedels, beenderen, wat doen die onder het bed van een varkensboer? Wat een gezellig weekend zou worden, draait uit op een nachtmerrei! Maar vrouwen zijn slim…


Rezjy regie
Sylvia Beintema

Spilers spelers
Sytske Heeg,
, Sonja Leenstra, ,, 

Akke Knol, Bernard Atsma, Johan Platte, Mattie Bergsma, Nico de Lange, Sonja Leenstra en Sytske Heeg.

 

 

 

 

Oare meiwurkers overige medewerkers
Wiep Wiersma (ynstekker souffleur), André Boersma (omballingen bijkomende zaken), Eelco de Hoog, yn gearwurking mei Party- en sealesintrum It Haske (ljocht en lûd licht geluid), Rommy van der Bijl en Marina van Hofwegen  (grime), Casper van Zutphen (fotografie), Jan van der Werf, Jouke Aukes, Marten de Boer, Albert de Graaf, Hotse Siesling, Piet de Vreeze (dekor) en Benno Pen (skilderingen).


Foarstellings

De foarstellings fine plak op ‘e Jouwer yn Party- en Sealecentrum’t Haske.
De voorstellingen vinden plaats in Joure in het Party- en zalencentrum ’t Haske.
Sneon
zaterdag
10 november 20:00  Nei ôfrin muzyk fan Jawis
Snein
zondag
11 november 15:00  
Freed
vrijdag
16 november 20:00  
Sneon
zaterdag
17 november 20:00  Nei ôfrin muzyk fan The Brothers

 

 


Muzyk

Sa as jo fan ús wend binne, ha wy wer fantastyske live muzyk op sneontejûn nei de foarstelling!
Op de earste sneon kinne jo genietsje fan de muzyk fan “Jawis”, in Jouster formaasje dy’t rûnom bekend is.
De mannen dy’t jo op de twadde sneon sjen en hearre kinne, binne foar in protte minsken “âlde” bekenden. Wy binne der wis fan dat The Brothers jo in hiel gesellige jûn besoargje kinne.
Zoals u bent gewend is er op zaterdagavond na de voorstelling live-muziek!
Op de eerste zaterdag kunt u genieten van de muziek van “Jawis”, een Jouster formatie die alom bekend is.
De mannen die u op de tweede zaterdag kunt zien en horen, zijn voor veel mensen “oude” bekenden. Wij weten zeker dat The Brothers u een heel gezellige avond kunnen bezorgen.

 


RESINSJE

De Fryske Krite De Jouwer spilet

 


FOTO’S

Foto’s De kat yn de kelder