Ùtfiering's datum's

 

11 / 10 / 2011

1938       2011

 

Al mear as 70 jier yn 't spier!

 

Programma oersjoch fan it seizoen 2011 / 2012

 

it novimber toaniel 

 

mei it blijspul  "Gouden hantsjes"

 

It stik is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Baukje Stavinga.

 

De rezjy is yn hannen fan Aukje Steeman

 

 

Aukje Steeman

 

"Gouden hantsjes"  is:

 

In geweldich moai toanielstik fol humor.

In toanielstik, in bytsje oars as oars.

In stik, spesjaal skreaun foar John Kraaijkamp sr.

In prachtige grutte rol by ús spile troch Nico de Lange.

In toanielstik dêr't de beljochting in grutte rol spyljen giet.

In toanielstik mei it personaazje Louis mei rûnom in stel súper froulju.

 

En wurdt opfierd op:

 

11, 12, 18 en 19 novimber yn Party- en sealesintrum " 't Haske " op 'e Jouwer.

Alle foarstellingen begjinne om 20.00 oere.

 

Op de sneontejûnen is der dûnsjen nei mei de band Hydra

 

 

De 26ste Nijjiersrevu

 

It tema foar de 26ste Nijjiersrevu is "Hichtepunten"

                                                 

De rezjy is yn hannen fan Rieneke de Haan

 

                                                                                         Rieneke de Haan

 

De muzikale lieding is yn hannen fan Atsje Lettinga en Sander Stienstra fan de “Muzykpleats” út Burgum

(ynformaasje oer harren kinne jo fine op www.muzykpleats.nl) .

Sjoerd IJbema is de produksjelieder.

 

De 26ste Nijjiersrevu wurdt opfierd op 6, 7, 13 en 14 (2x) jannewaris 2012

yn Party- en sealesintrum " 't Haske " op 'e Jouwer en de foarstellingen begjinne om 20.00 oere.

Op 14 jannewaris is der ek in matinee en dy begjint om 14.00 oere.

 

Op sneontejûn 7 jannewaris is der dûnsjen nei op 'e muzyk fan "Hydra"

Op freed- en sneontejûn 13 en 14 jannewaris is der dûnsjen nei mei it duo "Monte Carlo" .

 

De skriuwers: Sieger Beisterveld, Harmen Houtman, Thea de Lange, Jan Mink en Aukje Steeman.

 

It maart toaniel

 

mei de Fryske premjêre fan it blijspul : "Bêdgeheimen" 

 

It stik is foar it toaniel skreaun troch Haye van der Heyden  en is yn it Frysk oerset troch Joop Mast.

 

De rezjy is yn hannen fan Doede Schilstra.

 

Doede Schilstra

 

"Bêdgeheimen  is in prachtich blijspul yn de styl fan in kabaretesk blijspul mei in soad werkenbere situaasjes,

hilaryske mominten en in iroanyske relativearring en wurdt opfierd op:

 

23, 24,  30 en 31 maart 2012 yn Party- en sealesintrum " 't Haske " op 'e Jouwer

 

Op de sneontejûnen is der dûnsjen nei mei it dûnsorkest Cosy”

 

 

 

Nei boppen


De Fryske Krite De Jouwer, 2011 / 2012