INKELE REIS foar De Fryske Krite De Jouwer
De Krite hat foar de hjerstútfiering fan dit jier keazen foar “Enkele reis” fan Lex Passchier yn de oersetting fan Gurbe Dijkstra.
Wol wer in oerset stik. De grutste amateurferienning fan Fryslân (wurden fan De Krite sels) soe doch mear dwaan moatte foar it oarspronklik Fryske wurk. It kin doch net wier wêze – is it perfoarst ek net! – dat der yn Fryslân gjin goed toaniel skreaun wurdt. Mar as dêr gjin gebrûk fan makke wurdt dan sil de animo fan de toanielskriuwers om harren oan it Frysk te weagjen net grutter wurde. Dêr komt noch by, dat de taal der ek net mei tsjinne wurdt. Sels de betûfte oersetter Gurbe Dijkstra ûntkomt net oan it brûken fan hollânismen en it meitsjen fan lytse flaters. Net sa’n grut probleem fansels, want yn it sprutsen Frysk falt dat der stroffele wurdt oer as en at (hast) gjinien op. Fanmiddei (fan ‘e middei), froeger (eartiids), yn sekere sin (min ofte mear)binne in pear foarbylden fan minder geef Frysk.
Mar – en Krite en oersetter fertsjinje in grut komplimint foar harren kar! – Inkele Reis is in prachtich stik. Hiel knap skreaun. De sênes rinne sa ûngemurken yninoar oer, dat de taskôger faak net yn ‘e gaten hat oft er by de wurklikheid of de fiksje fan it stik belutsen is. Ta de ein, de bittere ein, ta bliuwt it spannend. Wa’t fan toaniel hâldt en op 25 of 26 novimber (20.00 oere) net nei It Haske komt dy mist wat.
Maklik ha De Krite en de regisseur, de oersetter Gurbe Dijkstra sels, it harren mei Inkele Reis net makke. It is in weachstik om mei amateurspilers oan in stik as Inkele Reis te begjinnen. De ynhâld stiet of falt mei de kwaliteit fan de spilers. Slagget it harren net om de tekst ta syn rjocht komme te litten, om leauwurdige personaazjes del te setten, dan wurdt der fan it ferhaal in oanfluiting makke.
Ûnder de goede lieding fan Gurbe Dijkstra ha de spilers der—yn in smaakfol dekor — wat fan makke! Net ien fan de fjouwer bliuwt ûnder de mjitte. Nico de Lange, Mattie Bergsma, Akke Knol en Pieter Jan Meijer oertsjûgje hielendal. Se meitsje fan ‘Inkele Reis’ – benammen foar it skoft — in boppeslach foar De Krite De Jouwer.
Wol is it spitich dat nei it skoft it gehiel wat ynsakket. Miskien dat doch de tekst wat te faak in ûnferwachte kear nimt om noch echt te fernuverjen? Ek wie it technysk sa no en dan wat ûnfolslein: in skot sûnder lûd, tonger sûnder bliksem, in losdraaide stop joech dimljocht. En blykber koene de spilers ek minder goed de spanning fêsthâlde.
It nimt net wei, dat De Krite grutsk wêze kin op dizze foarstelling. De Krite en Gurbe Dijkstra moattte mar in retoerke nimme.
Sieger Bijsterveld