
De Frouljus Slachterij
“Nea bang wêze foar manlju, froulju binne slimmer”
“Nea bang wêze foar manlju, froulju binne slimmer”. Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn in lyts Frânsk doarpke op bysûndere wiize krêft bijsetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit is it begjin fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere incidenten en romantyske misferstannen dy’t libben yn it doarpke foargoed feroarje sille.

ReZJY
Marc van der Veen
útfierings
Sneon 18 novimber – 20:00 oere
Snein 19 novimber – 15:00 oere
Freed 24 novimber – 20:00 oere
Sneon 25 novimber – 20:00 oere
