dit binne wy

Moetsje ús spilers, it bestjoer en de dekôrbouwers! Mei mekoar binne wy ien fan de grutste amateurtoanielferieningen fan ús provinsje.

IEN FAN DE GRUTSTE AMATEURTOANIELFERIENINGEN FAN ÚS PROVINSJE

De Fryske Krite De Jouwer is mei 725 leden ien fan de grutste amateurtoanielferieningen fan ús provinsje. De feriening is oprjochte yn 1938 en fierde yn seizoen 2013-2014 har 75-jierrich bestean. Elts jier wurde twa produksjes op de planken brocht, yn it Frysk en spile troch akteurs en aktrises út eigen regio. De toanielstikken wurde opfierd in novimber en maart en binne divers, mar ha ien oerienkomst: kwaliteit stiet foarop.

De Fryske Krite is oprjochte yn 1938, mar troch omstannichheden en de oarloch lykwols waarden yn it winterskoft 1945 -1946 úteinlik de earste kritejûnen holden yn de seal fan Romke de Boer oan de Bûterstege. Douwe Tamminga hold in lêzing oer Piter Jelles Troelstra en hat foarlêzen út eigen wurk. Dhr. Schippers hold dat jier yn deselde seal in tige moaie sjongjûn, wylst Ds. Postma in oare jûn Simke Kloosterman har ‘Hoara’s fan Hastings’  behannele. Twa jûnen kaam it Krite toaniel op de planken mei Bonne Hylkema syn ‘Wylde hierren’. Tetman de Vries spile fjouwer jûnen en ien middei syn revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Alle kearen wie it sealtsje stampfol.

Jierren letter ferhuze de Fryske Krite nei Hotel Reekers en sûnt 1983 is ús sfearfol teater festige yn Party- en Zalencentrum ’t Haske op ‘e Jouwer.  Neist leden komme der tsjinwurdich ek in protte net-leden nei de gesellige, ûnferjitlike foarstellingen.

Fan 1986 oant en mei 2013 hat de Fryske Krite ek de Nijjiersrevu produsearre. Nei 27 edysjes moast der ôfskied nommen wurde. De kosten wiene foar de feriening te heech. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer hat lokkich it stokje fan de Fryske Krite oernaam.

Nico de Lange
Irene Liemborg
Mike Platte
Bernard Atsma
Petra Bernardus
Pieter Jan Meijer
Janetta Zijlstra
Johan Platte
Sonja Leenstra
Sietske Heeg
Siebe Huitema
Margje Wierda
Sjoerd IJbema
Fenna Tromp
Akke Knol
Baukje van der Zee
Rein Leenstra
Boukje Hofma
Wiep Wiersma-Rignalda
Johan Zijlstra
Mattie Bergsma

Pieter Jan Meijer (foarsitter), Margje Wierda (skriuwster), Trea Post (ponghâldster), Nico de Lange (kommunikaasje), Mattie Bersgma (kontakt mei spilers), Ingeborg Huisman (stipers) en Grytsje Altenburg (stipers)

Repetysjelokaasje

Brugstraat 1, 8501EV Joure

Foarstellingslokaasje

Partycentrum & Zalencentrum ‘t Haske

Vegelinsweg 20, 8501BA Joure

Stipers

Besjoch de stipers van de Fryske Krite De Jouwer.

Stypje ús

As toanielferiening kinne we altyd ekstra stipe brûke!

Doch mei!

Mei spylje? Ús helpe by ‘t dekor? Meld dy oan!

Fertale