Fryske Krite wint Taal- en Kultuerpriis

Lokwinske en in grut komplimint foar alle Krite-meiwurkers!

Jouster Courant

Foto: Nantko Schanssema

DE JOUWER De feriening naam de priis fan 750 euro nei ôfrin fan har lêtste foarstelling ‘De Himmelsters’ yn ûntfangst. De sjuery foar dizze priis bestiet út wethâlder Chris van Hes, Meindert Tjerkstra en Douwkje Douma-Zijlstra en hat de toanielferiening selektearre út fjouwer ferskillende foardrachten. De sjuery oer de winners: ,,It sjueryrapport sprekt boekdielen oer de fertsjinsten fan Fryske Krite De Jouwer. Al sûnt 1938 ha se Frysk toaniel op ‘e planken set. Fan serieuze stikken oant grappige stikken. Alles is yn de jierren foarby kommen. Fan it organisearjen fan toanielstikken oant it oanbieden fan taalkursussen, Fryske Krite De Jouwer hat himsels bewiisd as in wiere ambassadeur fan ús taal en kultuer.”

De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Fryske Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta.

Radio Spannenburg

Sneon 16 maart waard, nei de lêste foarstelling fan ‘De Himmelsters’, de Fryske taal en kultuurpriis 2023 fan De Fryske Marren útrikt oan it Kritetoaniel De Jouwer. 

Video: Lucas Hoogkamp

Fertale