Myn namme is Irene Liemborg (24) en ik sil efkes wat oer mysels fertellen. Ik spylje dit jier foar it earst by de krite. Doe’t ik jonger wie ha ik toaniel spile by It Toanhûs, mar ûndertusken al jierren net mear op it toaniel stien. Ik bin by de krite terjochte kommen troch Fenna. Wy spylen al mei-inoar by It Toanhûs en ek binne wy freondinnen sûnt de middelbere skoalle. ûnderwilens wenje ik mei Fenna yn itselde hûs yn Grins en wy meitsje alle wiken de reis nei Fryslân om te repetearjen. Yn Grins ha ik myn stúdzje sosjaal juridyske tsjinstferliening ôfrûne en ik doch no de master tapast rjocht. Neist it repetearjen moat der dus ek studearre wurde! In oare reden dat ik bij de krite kommen bin is Fenna har mem, Mattie. Sy siet al in skoftsje te freegjen wannear ik ris mei dwaan gean mei de krite en ik kaam der no net mear ûnderút

Fertale