Lit de froulju by de Fryske Krite fan De Jouwer mar kuierje. Gie it earder dit jier oer in frou mei twa feinten, diskear giet it der noch folle mâler om wei yn it toanielstik De Frouljusslachterij. Fjouwer froulju nimme it heft letterlik en figuerlik yn hannen, as hja in slachterij oernimme. It stik is basearre op in boek fan Ilja Gort dat – en nimmen dy’t de skriuwer ken sil soks fernuverje – yn in lyts Frânsk doarpke spilet, dêr’t de slachterij suver it mulpunt fan is.

It is dreech om it stik yn in kategory yn te dielen. It is drama, mar psychologysk dolt it net sa djip. Bytiden liket it in skriller, mar werklik spannend wurdt it pas nei it skoft. En der sit horror yn, mar al te yslik wurdt it net. It is sûnder mis kluchtich, mar it is ek wer net sa dat men jin algeduerigen de bûsen útskuort. It ferhaal is boppe-al bizar en liket op de optinksels fan Roald Dahl.

Al rillegau wurdt dúdlik wêrom’t Gort foar in slachterij keazen hat en net foar bygelyks in grienteman. Dêrnei komt der in kadâns yn it ferhaal, mar de spanning sit him yn de fraach oft it hâlden en dragen fan de froulju wol goed beteart. It stik is tige ûnderhâldend en dat is benammen te tankjen oan it entûsjaste spyljen fan de spilers. Spylsters yn haadsaak, om’t de manlju oars net as byrollen hawwe. De measten frijwat karikaturaal, op ien wichtige nei…

Yn de oersetting nei it Frysk sitte eins gjin bysûndere fynsten. De slachterij wurdt somtiden ek in ‘slagerij’ neamd en dat liket wol mei opsetsin, mar wêr is dat goed foar? Sa út en troch draait in jonge aktrise tiidwurden om en dat sil wol in fersin wêze, mar dat hie der dan by de repetysjes noch wol efkes úthelle wurde moatten. Lykwols is it Frysk hiel natuerlik en fierders geef genôch.

Nanne Hoekstra

It stik is takomme freed en sneon, 24 en 25 novimber, noch te sjen, yn sealesintrum ‘t Haske op ’e Jouwer; beide dagen jûns om acht oere. Kaarten kinne hjirre besteld wurde.

Bron: ItNijs.frl

Fertale