Efkes foarstelle
Ik bin Roelof Klos, hikke en tein yn Skarsterbrêge al meer as 47 jier.
By tonielferieniging Nut en Nocht haw ik sawat 20 tonielstikken spiele. Ik mei graach een biljertsje lizze en klaverjasse. Ik spielje dit jier yn ‘t maart-stik fan de fryske krite. Op de Joustermerke wie ik benadere troch de fryske krite om mei te dwaan, mar pas nei goed oerlis thûs, besletten om der 100 % foar te gean. Ik bin by de fryske krite geweldig yn de ploech opnaam en ‘t fielt as een waarm nêst
Troud my Anke Nynke Klos-Abma wy hawwe tegeare 3 bern, Markus Rinse 14, Tobias 11 en Nadia 10, hjir te sjen op’e foto, makke op fakansje yn Italië.
Oant gau en net ferjitte “Genietsje”
