“Der sitte in soad brike, hilaryske situaasjes yn dizze komeedzje”.

In resinsje troch: Jelle Terwal

RESINSJE: Fryske Krite De Jouwer fermakket prima mei de komeedzje ‘De Himmelsters’

Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel (StUFT) bringt alle jierren in grut tal Frysktalige toanielstikken op de toanielmerk. Der wurdt in soad gebrûk fan makke. Sa koe it publyk út net allinnich De Jouwer, mar rûnom út de regio, by de jierlikse toanielútfiering fermakke wurde mei de komeedzje De himmelsters, yn it Frysk oerset troch Anja Steegstra fanút de Nederlânsktalige ferzje De schoonmaaksters fan Marcel Kragt. It is smûk yn partycentrum De Haske, al in moai skoft it toanielteater fan de Fryske Krite.   

Neidat it bestjoer it iepeningswurdsje dien hat kin it heve. Der is troch de boukommisje wer omraak klust om in prachtich dekor op it toaniel te toverjen. Mei moaie kleurstellingen is it fuortendaliks merkber, dat dit de wurkrûmte is fan persoaniel. In breed en djip spylflak is klearmakke foar de opfiering. Yn it midden stiet prominint in grutte tafel mei 5 stuollen. We sjogge nei de kantine fan in skoalle, dêr ‘t de himmelsters nei seis wiken fakânsje wer oan de slach sille.  De klapdoarren binne tige funksjoneel. Tegearre mei in helder ljochtplan kin it gehiel skoan besjen lije. Hielendal as der him foar dat dekor fan alles en noch wat ôfspilet.  

Want wat sitte der in soad brike, hilaryske situaasjes yn dizze komeedzje. Der hearre fiif skjinmaksters oan de slach te wêzen, mar lykas wenst is komt Anita net op tiid. De oare froulju fine dan ynienen op it leararehúske in deade persoan. Wat in argewaasje. Elkenien werkent yn it slachtoffer de ûntbrekkende Anita. De oare poetsfroulju binne hielendal fan slach. Wat der dan allegearre bart is net te beskriuwen. Dat moat elkenien sels mar belibje. Petra Bernardus, Boukje Hofma, Akke Knol, Simone Woudstra en Baukje van der Zee sette allegearre op treflike wize de ferskate rollen fan de himmelsters op de planken. De wikselsurking, mimyk, mise&sêne en diksje binne poerbêst foar elkoar. Dêrnjonken sette Bernard Atsma en Rein Leenstra as direkteur en concierge in pear fijne rollen del. Anja Steegstra, net allinnich oersetster, mar ek de regisseur, hat der foar soarge, dat der in foarstelling stiet, dy ‘t stiet as in hûs. Wat in humor en prachtige taalgrapkes. It is in feestje om dizze opfiering by te wenjen. Dat wie oan de reaksjes yn de rin fan de opfiering en it steande applaus nei de apotheose wol dúdlik. It plot is tige ferrassend. Lykas altyd koe it publyk wer in grut tal prachtige prizen winne by de ferlotting. Mei tank oan in soad sponsors, dy ‘t de bloeiende  Fryske Krite in waarm hert tadrage.  

Jelle Terwal 

P: ‘De himmelsters’ troch Fryske Krite De Jouwer; Fryske oersetting en regy troch Anja Steegstra; yn partycentrum De Haske op ‘e Jouwer; ynfo op www.fryskekrite.nl  

Nijsgjirrich? Reservearje dan gau dyn kaarten!

Fertale