
De Fryske Krite De Jouwer spilet ‘Key for Two’’ fan John Chapman en Dave Freeman yn de Fryske oersetting ‘Privee foar Twa’ fan Baukje Stavinga.
‘Mei dit blijspul gean we werom yn de tiid, nei de jierren 80’, kundiget De Krite oan. It kloppet dat it in tiid is sûnder mobyltsjes, mar fierder is it ferhaal hielendal fan dizze tiid. Yn it begjin liket it ek in protte op in blijspul, mar letter is it in echte klucht mei alle eleminten dy’t dêrby hearre: betizing, persoansferwikseling, absurde situaasjes en wat net al. Wat ha de skriuwers der in fermaaklike tizeboel fan makke. Allinne de froulju fan de twa dogeneaten feroarje net.
Hetty, in skieden frou, hat it aardich foarinoar: moai appartemint en in ynkommen dêr’t har frijers – alle twa troud – foar soargje. Se hat eins mar ien probleem: se moat de mannen útinoar hâlde. Mei help fan de troch har betochte ‘mem’ slagget se dêryn. Alles feroaret lykwols as har suster Anne samar ynienen opdaget en hast tagelyk de driging ûntstiet dat har beide ‘freonen’ inoar moetsje. It blijspul – as it dat al west hat – wurdt in klucht en alle logika ferdwynt as reek foar de sinne. Dat mei fansels yn in klucht dêr’t alles draait om laitsjen. En foar wa’t hâldt fan in klucht hâldt, falt der genôch te laitsjen.
Der wurdt spile yn in as altyd hiel fersoarge dekôr. De bouwers kinne der wat fan!
De regisseur (Sylvia Beintema) en de spilers ha harren mei ‘Privee foar Twa’ wol wat op ‘e hals helle. Fan in ferhaal sûnder al tefolle ynhâld dochs in goede toanielfoarstelling te meitsjen falt net ta. Bernard Atsma (koe him útlibje as dronkenlap), Sietske Heeg (prachtich spile), Boukje Hofma (hiel moai dien), Roelof Klos (goed), Rein Leenstra (soms wat minder natuerlik), Wiep Ringnalda (pittich minske) en Margje Wierda (wat in moai typke) ha der wat fan makke. It tempo – foel soms efkes fuort – dat by in klucht heart, hienen se goed te pakken.
Bewûndering fertsjinnet Hetty, Sietske Heeg. De ûnbidige hoemannichte tekst dy’t se leare moast, brocht se op treflike wize foar it fuotljocht. It stik driuwt foar in grut part op har – sûnder dêrmei de oaren tekoart dwaan te wollen. De manlju – wolris wat ‘lûdroftich’ – ferstjinje in komplimint foar de sênes mei lichaamlik ûngemak. Dy waarden prachtich útfierd.
De premjêre waard bywenne troch 100 belangstellenden. De foarstelling is noch te sjen op freed 17 en op sneon 18 maart yn ’t Haske. Oanfang 20.00 oere.
Wa’t in noflike jûn wol, moat derhinne.
Sieger Bijsterveld