Sponsorkliks

Mei SponsorKliks kinst sels in finansjele bydrage leverje oan Fryske Krite De Jouwer, sûnder dat it dy in sint ekstra kostet!

SponsorKliks

Mei SponsorKliks kinst sels in finansjele bydrage leverje oan Fryske Krite De Jouwer, sûnder dat it dy in sint ekstra kostet! Bestel online in pizza fia Thuisbezorgd en Fryske Krite De Jouwer krijt hjirfoar jild yn de klupkas. Ek dogge grutte webwinkels as Bol, Coolblue, Greetz, Media Markt, Zooplus en Expedia mei. In persintaazje fan it oankeapbedrach giet nei Fryske Krite De Jouwer. En nochris, it kostet dy neat ekstra!

Wolst Fryske Krite De Jouwer ek GRATIS stypje?

Soargje der dan foar datst tenei dyn online oankeapen dochst fia de SponsorKlikspagina fan Fryske Krite De Jouwer. Foar dy in lytse muoite, foar Fryske Krite De Jouwer binne it direkte ynkomsten. Men kin hjirfoar klikke op de banner op ús webside of streekrjocht nei www.sponsorkliks.com gean. Klik ferfolgens op it logo fan de winkel.

Hoe wurket it?

Hiel simpel. Webwinkels betelje in kommisje foar elke bestelling fan in klant dy ‘t fia SponsorKliks.com komt. 75% fan dizze kommisje stoarte wy op de bankrekken fan Fryske Krite De Jouwer. Oft je no streekrjocht nei bygelyks Bol gean of je gean fia SponsorKliks.com nei de site fan Bol, je betelje itselde. Allinnich yn it lêste gefal keart Bol ús in kommisje út en profitearret Fryske Krite De Jouwer hjir fuortendaliks fan!

Let op: gjin kommisje op boeken

Nederlân jildt per wet in fêste boekepriis, hjirtroch mei GEEN kommisje op boeken jûn wurde.

Jo bliuwe anonym

Noch SponsorKliks, noch Fryske Krite De Jouwer wit wa ‘t der wat besteld hat, je hoege nammentlik net yn te loggen. SponsorKliks wit allinnich by hokker webwinkel wat besteld is, foar hokker oarderbedrach en dat de kommisje foar Fryske Krite De Jouwer bedoeld is. Dat witte se omdatst fia in klik op SponsorKliks nei de oanbelangjende webwinkel gien bist. Omdat SponsorKliks allinnich registrearret dat der fia SponsorKliks by bygelyks Bol in bestelling pleatst is en net bekend is wa ‘t dizze bestelling dien hat, is it tige wichtich datst de bestellingen dy ‘ tst online dochst allinnich fia Sponsorkliks rinne litst. In streekrjochte bestelling dy ‘t je by Bol dogge, smyt Fryske Krite De Jouwer neat op.

Fideo

Fertale