Maart 2018
Troch omstannichheden slagget it spitigernoch net om “De mar wat om” op de planken te bringen.
Mar dat betsjut net dat de toanieljûnen yn maart net troch gean, perfoarst net!
We bringe dizze jûnen 3 ienakters.
Wy binne drok oan it repetearen mei de trije ienakters dy’t sich ôfspylje op ‘e camping.
Sa sille de stikken no ek hjitte “Op ‘e camping”.
Door omstandigheden lukt het niet om het stuk “De Mar wat om” te spelen. Maar niet getreurd… de toneelavonden in maart gaan gewoon door! We zullen 3 eenakters spelen en ze spelen zich af op de camping dus het heet “Op de camping.
3 verschillende stukken met voor elk wat wils!!
Op ‘e Camping
Trije stikken op ien en itselde plak, nammentlik op in camping.
Op in camping treffe jo elkoar, nije minsken, bekende minsken of miskien wol minsken dy’t jo eins hielendal net treffe wolle.
Yn “It iten is klear” wachtet in frou op har nije freon dy’t se fia in datingbureau moete hat en eins wol better kennnen leare wol. Oft it har slagget om de deistige beslommeringen los te litten en har ûnsekerheden te oerwinnen foardat de nije freon komt? Libje mei har mei yn it stik dat Ytsje Hettinga skreaun hat.
Yn “It priisknyn” binne Anton en Terry op fakânsje yn harren caravan op in moaie lytse buorkerij camping. It knyn fan Terry’s broer hawwe se neinaam, want der wie noch wol in plakje foar him op de buorkerij-camping. Terry hat in ferrassing foar Anton yn petto, mar as broerleaf Harry dan delkomt op de camping mei ge-wel-dich nijs oer it knyn Karolus, binne de rapen gear! Hielendal wannear’t Omrop Fryslân ek beslút om del te kommen… as dat mar goed ôfrint!
In echte klucht fan Dick van Maasland dy’t oerset is troch Gerda van der Wijk.
Ek Durk en Antsje sitte tegearre op de camping, yn it jier 1968, sy binne nammentlik de earste minsken dy’t in tinte hiere op in camping!
Soks mei yn de krante fansels, mei foto! Durk is der allinne net alhiel gerêst op dat er mei Antsje op de camping sit, it binne roerige tiden en wa kinne jo hjoed-de-dei yn de sechtiger jierren noch betrouwe..? Âld nijs dy’t de takomst feroarje sil yn it stik fan Karin Idzenga, ‘Robert F Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet achter de seedyk by Peazens‘.
Drie stukken op een camping, een plaats waar men elkaar ontmoet, of juist helemaal niet wil ontmoeten.
In “It iten is klear” wacht een vrouw op haar nieuwe vriend die ze via een datingbureau heeft ontmoet. Ze wil hem graag beter leren kennen. Of het haar lukt om haar dagelijkse beslommeringen los te laten en haar onzekerheden te overwinnen voordat hij komt? Leef met haar mee in dit stuk van Ytsje Hettinga.
In “It priisknyn” zijn Anton en Terry op vakantie in hun caravan op in kleine boerderij-camping. Konijn Karolus van Terry’s broer Harry is meegekomen, er was nog wel een plekje voor hem op de camping. Terry heeft een verrassing voor Anton, maar als Harry dan langskomt met ge-wel-dig nieuws over zijn Karolus… kijk zelf maar of dat allemaal goed komt!
Een echte klucht van Dick van Maasland die vertaald is door Gerda van der Wijk.
Durk en Antsje zijn in 1968 de eerste huurders van een tent op deze camping. En dat moet met foto in de krant! Maar Durk is er niet helemaal gerust op om in deze roerige tijden op in camping te zitten. Niemand is immers meer te vertrouwen.
Beleef het mee in “Robert F Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet achter de seedyk by Peazens” van Karin Idzenga.
Rezjy regie
Jelmar Hoekstra
Berne yn de wylde wâlden, ein sântiger jierren, as iennigst famke tusken trije broers. Dochter fan in installateur en syn frou, in lerares húshâldkunde. Altyd aksje, altyd drokte thús, gjin tiid om jo te ferfelen en dat die se dan ek hast net. In famke mei in grutte fantasij, al toanielspyljend nei skoalle ta rinne mei har sabeare hûn en ferfaaltsjes skriuwend, of ter plekke betinkend oan har lytse nichtsjes fertelle, koe mar ien ding betsjutte: Jelmar moatst en soe wat mei teater dwaan as se letter grut wie.
No is se al aardich grutter, mar yn tinzen noch altyd fol fantasij en entûsiast as in bern. Se spilet, se sjongt, se jout teaterlessen op skoalle, se regissearret, se jout kursus oan grutten, se makket har eigen teaterfoarstellingen foar grutten en foar bern, se skriuwt, se sjocht, se betinkt, se produssearret, koartsein: se docht eins alles as it mar mei teater te krijen hat en sa komt se goed troch de tiid. Thús, nei wat omswalkingen yn oare plakken fan Fryslân, no wer werom yn de wâlden, wachtsje man en beide dochters (en noch wat bisten) op in momint dat mem har ris wat del jaan sil om ek mei harren fan muzyk, teater, de natoer, in fakansje of eins gewoan fan elkoar te genietsjen. Lokkich slagget dat, al moat dizze teatrale tûzenpoat der sa no en dan ‘putsjes’ om litte, want oars soe sy altyd trochgean.
No oan it wurk by de Fryske Krite fan de Jouwer en dêr hat se bot nocht oan, op momint fan dit skriuwen (simmerfakansje) is hja drok dwaande mei it skriuwen fan it skript om der aansens mei de spilers fan’t winter mei te set om der in moaie foarstelling fan te meitsjen.
Jelmar was enig meisje tussen 3 broers in een druk gezin waar geen tijd was om je te vervelen. Een meisje met een grote fantasie dat altijd verhalen verzon om te vertellen en spelen. Ze wist dan ook al van jongs af aan dat ze iets met theater wilde gaan doen.
Vandaag de dag heeft ze die fantasie en dat enthousiasme nog steeds. Ze speelt, zingt, geeft theaterlessen op school, regisseert en geeft cursussen, ze maakt theatervoorstellingen voor groot en klein, ze schrijft, kijkt, bedenkt en produceert. Kortom: ze doet alles wat met theater te maken heeft.
En nu regisseert ze bij de Fryske Krite De Jouwer, wat ze met veel plezier doet.
Spilers spelers
Bernard Atsma, Boukje Hofma, Janetta Zijlstra, Johan Zijlstra, Mattie Bergsma, Petra Bernardus, Rein Leenstra en Siebe Huitema.
Oare meiwurkers overige medewerkers
Klaas Jelsma (ynstekker souffleur), André Boersma (omballingen bijkomende zaken), Eelco de Hoog en Hendrik van der Zee yn gearwurking mei Party- en Zalencentrum It Haske (ljocht en lûd geluid en licht), Akke Knol, Rommy van der Bijl, Marina van Hofwegen en Magdalena de Jong (grime), Casper van Zutphen (fotografy), Jan van der Werf, Jouke Aukes, Marten de Boer, Albert de Graaf, Hotse Siesling en Piet de Vreeze (dekor), Benno Pen (skilderingen).
FOARSTELLINGS
De foarstellings fine plak op ‘e Jouwer yn Party- en Sealecentrum’t Haske. De voorstellingen vinden plaats in Joure in het Party- en zalencentrum ‘t Haske. |
|||
Sneon zaterdag |
10 maart | 20:00 | premjêre mei muzyk fan C’est la Vie première met live muziek van C’est la Vie |
Snein zondag |
11 maart | 15:00 | “Ite mei de Krite” (by ‘t Tolhús) Uit eten met De Krite (bij ‘t Tolhús) |
Freed vrijdag |
16 maart | 20:00 | |
Sneon zaterdag |
17 maart | 20:00 | mei muzyk fan The Brothers met muziek van The Brothers |
Op 11 maart (matinee-foarstelling) is der wer Ite mei de Krite! Nei de foarstelling kin jim lekker nei genietsje mei in hearlik menu by Eet&Cafe het Tolhuis op ‘e Jouwer. Foar € 27,50 de man hawwe jo in hearlik spesjaal foar de Krite gearstald 3 gangen diner! Jo kinne jo opjaan fia: info@fryskekrite.nl.
Op 11 maart (na de matinée-voorstelling) is er weer “Ite met de Krite” in Eet&Café Het Tolhuis te Joure. Na de voorstelling kunt u aanschuiven voor een speciaal Krite menu. Voor € 27,50 per persoon kunt u genieten van een heerlijk 3 gangen diner. U kunt u opgeven via: info@fryskekrite.nl.
MUZYK
Sa as jo wend binne fan ús, ha wy wer fantastyske live muzyk op sneontejûn nei de foarststelling!
Zoals u bent gewend is er op zaterdagavond na de voorstelling live-muziek!
C’est la vie – 10 maart
Dit ‘allround duo’ bestiet út Petra en René Soethout en bringt in breed repertoire. Net allinnich de Hollânske hits fan hjoed de dei, mar ek de pop, disko en rocknûmers út de jierren 60, 70, 80 en 90 komme foarby. Dit duo spilet wat it publyk graach hearre wol. Foar elkenien is der wat by!
Het allround duo C’est La Vie bestaat uit Petra en René Soethout en brengt een breed repertoire. Niet alleen de Hollandse hits van nu maar ook de pop, disco en rocknummers uit de jaren 60, 70, 80, 90 en heden komen voorbij! C’est La Vie past zich graag aan naar de wensen van het publiek, zodat iedereen aan zijn trekken komt.
The Brothers – 10 maart
Mear ynfo folget
Meer informatie volgt
RESINSJE
DE KRITE SPILET IENAKTERS
Koarte ferhalen en ienakters, je moatte derfan hâlde. De ien fynt it ferfelend dat it al wer ôfrûn is as it ferhaal just begjint te pakken, foar de oar is de koarte spanningsbôge no krekt oantreklik. De leafhawwer fan it lêste kin by De Krite oan syn/har trekken komme.
Op sneon 10 maart wie de premjêre fan it maart-toaniel. Der waarden trije ienakters foar it fuotljocht brocht. De regisseuses, Jelmar Hoekstra en Liesbeth Welling, ha keazen foar stikken dy’t alle trije op in camping spylje en ha der in moai gehiel fan makke. Wa’t de fakânsjekribels al wer opkommen fielt, krijt in aardich foarpriuwke: it dekor – komplimint oan de bouwers – is ien en al simmer en sinneskyn. Praktysk is it sûnder mis om foar ienselde lokaasje te kiezen: de omskeakeling fan it iene nei it oare stik ferrint soepel.
Twa fan de trije ienakters binne oarspronklik Frysk: ‘It iten is klear’ fan Ytsje Hettinga en ‘Robert F. Kennedy is fermoarde en myn soan teelt wiet efter de seedyk fan Paezens’ fan Karin Idzenga. ‘It Priisknyn’ fan Dick Maasland is út it Hollânsk oerset troch Gerda van der Wijk.
Foar alle trije de stikken jildt dat de klû net it sterkste part fan it ferhaal is. De lange titel fan de ienakter fan Karin Idzenga belooft hiel wat en dat komt der miskien ek wol út, mar it ynsjoch komt by Johan Zijlstra – net syn skuld! – wol hiel abrupt. ‘It iten is klear’ is eins ien lange monolooch fan Janke, fermaaklik en leauwurdich spile troch Baukje Hofma. Se wit de spanning fêst te hâlden. Knap! Jack (Sybe Huitema), mei wa’t Janke better yn ‘e kunde komme wol , docht mar hiel koart mei. Krekt lang genôch foar de ‘happy’ ein.
‘It Priisknyn’ is in klucht sûnder ynhâld – dat mei fansels ek by in klucht. De rezjy lit dit stik, troch de skriuwer situearre yn in húskeamer, spylje op de camping en mei in pear lytse oanpassings kin dat probleemleas. De útfiering is yn oerienstimming mei wat bedoeld wêze sil: luchtich en kluchtich. No en dan miskien in bytsje ‘te drok’? Op humoristyske wize wurde we meinommen yn de swierrichheden dy’t ûntstean troch Karolus, it knyn dat in priis wûn hat. De seis spilers meitsje der in hiel spektakel fan. In sterk optreden hjirby is weilein foar Jeanetta Zijlstra. Sy set yn it Stellingwerfsk (yn ‘e oersetting fan Harmen Houtman) in prachtich typke del.
Leafhawwer fan ienakters of net, wa’t de muoite nimt om nei dizze foarstelling fan De Krite te kommen, kin fersekere wêze fan in bysûnder plezierige jûn. Jim kinne noch terjochte yn ’t Haske op freed 16 en sneon 17 maart om 20.00 oere. It tal besikers by de premjêre foel wat ôf. Spitich foar De Krite, mar perfoarst ek foar de thús- bliuwers.
Sieger Bijsterveld