Novimber 2021

“Moarns, nei de jierlikse útfiering fan it muzykkorps, wurde trije manlju wekker mei in swiere holle, omdat se oant betiid yn de moarn stevich sitten ha te sûpen. Se ha suver in black-out en witte amper mear wat foar of achter is. Kees Broekstra hat him sels yn de timmersaak deljûn omdat er net by de frou op bêd doarst te krûpen. Soan Frank wurdt troch mem Selma fan ‘t bêd reage en plysjeman Johan wurdt troch syn frou Rita achternei sitten, se is poerlilk omdat er fannacht net thús west hat. Hoe moat soks ôfrinne…?”

Oarspronklike titel: Die unglaubliche Geschichte vom gestohlenen Stinkkäse fan Bernd Gombold.
De Fryske oersetting is fan Gurbe Dijkstra

Rezjy: Gurbe Dijkstra
Ynstekker: Johan Platte
Spilers: Sietske Heeg, Fenna Tromp, Margje Wierda, Jannetta Zijlstra, Bernard Atsma, Sjoerd IJbema, Nico de Lange, Pieter Jan Meijer