
dit binne wy
Moetsje ús spilers, it bestjoer en de dekôrbouwers! Mei mekoar binne wy ien fan de grutste amateurtoanielferieningen fan ús provinsje.
IEN FAN DE GRUTSTE AMATEURTOANIELFERIENINGEN FAN ÚS PROVINSJE
De Fryske Krite De Jouwer is mei 508 leden ien fan de grutste amateurtoanielferieningen fan ús provinsje. De feriening is oprjochte yn 1938 en fierde yn seizoen 2013-2014 har 75-jierrich bestean. Elts jier wurde twa produksjes op de planken brocht, yn it Frysk en spile troch akteurs en aktrises út eigen regio. De toanielstikken wurde opfierd in novimber en maart en binne divers, mar ha ien oerienkomst: kwaliteit stiet foarop.
De Fryske Krite is oprjochte yn 1938, mar troch omstannichheden en de oarloch lykwols waarden yn it winterskoft 1945 -1946 úteinlik de earste kritejûnen holden yn de seal fan Romke de Boer oan de Bûterstege. Douwe Tamminga hold in lêzing oer Piter Jelles Troelstra en hat foarlêzen út eigen wurk. Dhr. Schippers hold dat jier yn deselde seal in tige moaie sjongjûn, wylst Ds. Postma in oare jûn Simke Kloosterman har ‘Hoara’s fan Hastings’ behannele. Twa jûnen kaam it Krite toaniel op de planken mei Bonne Hylkema syn ‘Wylde hierren’. Tetman de Vries spile fjouwer jûnen en ien middei syn revu ‘De tiid hâldt gjin skoft’. Alle kearen wie it sealtsje stampfol.
Jierren letter ferhuze de Fryske Krite nei Hotel Reekers en sûnt 1983 is ús sfearfol teater festige yn Party- en Zalencentrum ’t Haske op ‘e Jouwer. Neist leden komme der tsjinwurdich ek in protte net-leden nei de gesellige, ûnferjitlike foarstellingen.
Fan 1986 oant en mei 2013 hat de Fryske Krite ek de Nijjiersrevu produsearre. Nei 27 edysjes moast der ôfskied nommen wurde. De kosten wiene foar de feriening te heech. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer hat lokkich it stokje fan de Fryske Krite oernaam.
Spilers
Moetsje ús spilers! De Fryske Krite hat in moaie ploech akteurs dy’t yn novimber of yn maart en soms yn beide tonielstikken fan it seizoen meispylje.
Bestjoer
Pieter Jan Meijer (foarsitter), Marjan Platte-Van der Molen (skriuwster), Trea Post (ponghâldster), Nico de Lange (kommunikaasje), Mattie Bersgma (kontakt mei spilers), Ingeborg Huisman (stipers), Siebe Huitema (stipers) en Grytsje Altenburg (stipers)
Dekor
Jouke Aukes, Marten de Boer, Albert de Graaf, Walter de Graaf, Hotze Siesling, Piet de Vreeze en Appie de Vries.
Grime
Akke Knol
Lûd & Ljocht
Eelco de Hoog
Repetysjelokaasje
Brugstraat 1, 8501EV Joure

Stipers
Besjoch de stipers van de Fryske Krite De Jouwer.

Stypje ús
As toanielferiening kinne we altyd ekstra stipe brûke!

Doch mei!
Mei spylje? Ús helpe by ‘t dekor? Meld dy oan!